Springe nei ynhâld

Het Vrije Volk

Ut Wikipedy
Het Vrije Volk

Het Vrije Volk wie in sosjaaldemokratysk deiblêd dat nei 1945 oant yn de sechtiger jierren lanlik ferskynde mei 40 edysjes, wêrûnder ien Fryske (fanôf begjin maaie 1945) . De krante ûntstie út it sosjalistyske deiblêd Het Volk.

Mear as ien sanearingsmaatregels wienen yn de jierren 1960 - 1972 nedich om it blêd te behâlden. Yn 1967 waard de formele bân mei de PvdA ferbrutsen en waard it edysjesysteem yngripend feroare. De edysje Fryslân waard opnomd yn in edysje Noard, mei Grins as sintrum. Foar dizze werstrukturearring wie Sjoerd Leiker haadredakteur fan de Fryske edysje. Yn 1972 wie de sanearing dien. Sûnt febrewaris fan dat jier wurdt de krante ferspriede yn en om Rotterdam hinne. Op 30 maart 1991 ferskynde it lêste nûmer mei de deiblêdtitel Het Vrije Volk. Yn dat jier fusearre Het Vrije Volk mei it Rotterdams Nieuwsblad ta it Rotterdams Dagblad. Dy krante gie yn 2005 wer op yn it Algemeen Dagblad.

Haadredakteuren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Klaas Voskuil 1945-1961
Thijs van Veen 1961-1968
Eduard Messer 1968-1970
Herman Wigbold 1970-1987
Gerard Krul 1987-1990
Leo Pronk 1990-1991
  • Gerard Mulder, Hugo Arlman en Ursula den Tex De val van de Rode Burcht: opkomst en ondergang van een krantenbedrijf (1980) ISBN 90-295-0100-6

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: