Het Volk

Ut Wikipedy
De bekende foarkant fan de útjefte fan 8 febrewaris 1903

Het Volk wie in sosjalistysk deiblêd yn Nederlân. It wie fêstige yn Amsterdam en ferskynde foar it earst op 2 april 1900.

Al yn 1899 waard begûn mei de tariedings. Finansjele stipe kaam fan de âldere en kapitaalkrêftiger Dútske susterpartij Sozialdemokratische Partei Deutschlands. Der waard in útjouwerij oprjochte mei de namme De Arbeiderspers. Haadredakteur waard de polityklieder fan de SDAP, Pieter Jelles Troelstra, yn 1903 nei in konflikt ferfongen troch P.L. Tak.

Yn 1902 skreau de krante in priisfraach út om in tekener te finen foar in wyklikse politike print yn it sneintaheaksel Het Zondagsblad. De priisfraach waard wûn troch Albert Hahn, dy't dêrnei in fêst tsjinstferbân krige. Oare bekende meiwurkers wienen Fritz Behrendt, Jan Liber en Inte Onsman (ûnder de skûlnamme Leckie Down).

Yn 1931 gie de krante oer nei in nijgebou oan it Hekelveld yn Amsterdam, yn de folksmûle "De reade burcht" neamd. Yn De Haach ferskynde in edysje ûnder de namme Vooruit, dêr't Simon Carmiggelt oan ferbûn wie.

Nei de Dútske ynfal yn 1940 besochten direksje en redaksje harren selsstannichheid feilich te stellen, nayf betrouwend op tasizzings fan de besetter. Op 20 july 1940 naam de NSB'er Rost van Tonningen lykwols it bedriuw oer. De krante waard nei de Twadde Wrâldoarloch fuortset ûnder de namme Het Vrije Volk.

Fia de krantewebside fan de Keninklike Bibleteek binne de jiergongen 1910-1920 frij troch te sjen.