Inte Onsman
Willem Inte Onsman (Harns, 28 septimber 1872 - Amsterdam, 26 augustus 1929) wie in Nederlânsk skriuwer fan benammen toanielstikken en in aktyf fakbûnsbestjoerder.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jeugd en eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Inte Onsman waard berne as seisde soan yn it twadde houlik fan Andries Onsman, pakhûsfeint yn Harns) en Aaltje Waardenburg. Nei it jong ferstjerren fan har man yn 1882 gie Aaltje Waardenburg mei har fjouwer bern nei Amsterdam, dêr't se mei har trije noch ynwenjende bern by har, wyls al útfleine, dochter Aukje ynluts. In foto toant har as in strang eagjende Friezinne, mei Fryske drachtskape en sjend nei de Bibel, dêr't hja faak yn lies. Inte Onsman waard Lutersk grutbrocht en joech dat leauwe wer troch oan syn bern.
De jonge Inte moast al jong byfertsjinje foar de húshâlding. Nei skoaltiid wurkte hy as ynsjipper by in kapper. It waarden syn earste stappen nei it barbiersfak. Ienkear fan skoalle ôf waard er yndie kapper. Kommend út in seemanslaach, luts de grutte feart him ek. Sa waard hy in skoftlang skipsbarbier en makke hy in reis nei de Feriene Steaten oan board fan ien fan de skippen fan de Holland-Amerika Lijn.
Toaniel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ienkear werom yn Nederlân, 1891, ûntwikkele him in oare leafde: dy foar it toaniel. Onsman sleat him oan by de teätergroep fan M. Kreukniet en Henri Poolman yn Amsterdam en spile dêr ferskate rollen, ûnder mear yn stikken fan Herman Heijermans. In jier nei de dea fan Kreukniet yn 1893 waard it selskip ûntbûn. Benammen fan Henri Poolman en kollega-akteur Henri van Kuyk soe Onsman in soad oer it toanielspul leare. Genôch om der letter, as skriuwer, profyt fan te hawwen.
Fakbûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1894 troude Onsman mei Margaretha Martha fan Ake út Haarlim. It span krige in dochter (Johanna Alida Martha Ans) en in soan (Willem Inte Inte). Omdat der brea op de planke komme moast en it pear ek in fêster bestean woe as it libben by in toanielgroep biede koe, makke Onsman de stap nei de kapperssaak. As sosjaal fielend minsk waard hy lid fan de yn 1891 oprjochte Nederlandsche Barbiers- en Kappersbond. Fan 1895 - 1897 wie hy sekretaris fan it bûn. Dêrnei lei er syn bestjoersfunksje del om yn De Haach te besykjen in ôfdieling fan it bûn op te rjochtsjen. Neidat dy fan de grûn komd wie, gie it span mei de wyls berne dochter werom nei Amsterdam, dêr't Inte Onsman oan de Ceintuurbaan in kapperswinkel begûn.
Binnen it Barbiers- en Kappersbûn wie wyls skeel ûntstien oer de posysje fan Onsmans. Hoewol't it bestjoer útstelde him as lid te skrassen, besliste in bûtengewoane ledegearkomst op 28 maart 1898 oars. Onsman bleau lid en waard sels wer sekretaris fan it bûn. In jier letter waard hy redakteur fan it bûnsblêd. It hawwen fan in eigen saak en de bulte wurk dêrbûten fregen tefolle fan de swakke senuwen fan de sekretaris. Yn 1903 oerfoel him in senuwsykte, sa't hy de oerspandheid sels neamde, wêrfan hy nei eigen sizzen nei folslein genies.
Dat lette him net om, nei werstel, wer mei folle krêft oan it wurk te gean. Yn syn fierdere fakbûnskarriêre helle hy benamen súkses mei langduorjende aksje foar arbeidstiidferkoarting. Dat ûnderwerp gie him sûnt 1900 oan it hert. Pas yn 1910 krige hy in offisjele slútingstiid foar kapperssaken yn Amsterdam foar elkoar. Lanlik soe de maatregel pas nei 1918 ynfierd wurde.
Ek betocht Onsman yn dy jierren in nije organisaasjefoarm foar it bûn mei lokale en provinsjale fakrieden. Dêrmei wie hy syn tiid fier foarút, want pas nei 1945 waard dy in feit.
Skriuwer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Inte Onsman sluet him al gau by de SDAP oan. Hoewol'hy as fakbûnsman op polityk mêd sa neutraal mooglik besocht te bliuwen, wie hy yn ieren en sinen sosjaaldemokraat. It bûnswurk slokte in soad fan syn tiid op, mar syn stribjen nei 'ferheffing' fan de arbeiders koe hy op in oare wize stal jaan: fia syn âlde leafde foar it toaniel. Partij- en fakbûnsgearkomsten waarden yn de earste jierren fan de tweintichste iuw faak net allinnich mei saaklike agindapunten fold. Nei de sprekker(s) en nei it skoft folge net komselden in kultureel programma. Koarte toanielstikken wienen yn trek: ienakters mei in opfiedende strekking. It wurk fan Heijermans stiet yn dit ferbân op iensume hichte, mar liende him net altiten foar útfierings troch amateurs. Onsman hie yn syn jierren by Kreukniet en Poolman genôch ûnderfining opdien om byldzjend skriuwe te kinnen. Yn 1904 kaam syn earste stik 'Fergolle leagens'. Hy skreau it noch ûnder skûlnamme, De Visu. Letter wurk publisearre hy ûnder eigen namme. Algeduerigen kaam yn syn wurk de problematyk fan aldendei oan de oarder, hieltuiten fanút sosjaaldemokratysk perspektyf.
De aktualiteit fan de Earste Wrâldoarloch ynspireare him ta twa stikken, It skot oan de grins en syn meast spile wurk It ljocht yn de nacht, beide yn 1917 publisearre. Hoewol't dit lêste ek foar it amateurtoaniel skreaun waard, fyn it al gau syn wei nei de grutte skouboargen. By de hûndertste útfiering yn de Amsterdamse Stedsskouboarch waard de skriuwer huldige. 'It ljocht yn de nacht' waard ek oersetten en mei súkses spile yn Dútslân en Denemark.
In lêste toanielstik, De swalker fan Prodnetskoi, ferskynde yn 1921 en is ynspirearre op de russyske revolúsje. It soarge seis jier letter noch foar opskuor, doe't in Fryske boargemaster, nei in wink fan de Kommissaris fan de Keninginne, in útfiering ferbea, út eangst dêrmei de revolúsjonêre geast út de flesse te litten. By minder wurdende sûnens wurke Onsman yn de jierren tweintich oan syn roman Van Rinus de IJsbeer tot Arjen de Bouwer. Levensfragmenten uit de groote wereld der heel kleinen. It boek, dat sterke autobiografyske trekken hat, kaam yn 1929 út. Yn de sneonsedysje fan it SDAP-deiblêd Het Volk skreau Onsman yn de jierren 1913 en 1914 alle wiken kursyfkes ûnder de skûlnamme Leckie Down. Letter waarden dy ferfongen troch de Pro- en Kontrarubryk, wêryn't hy (noch) mear politike stânpunten ynnaam.
Inte Onsman ferstoar op de Nieuwe Oosterbegraafplaats yn Amsterdam, dêr't hy by it grêf fan in ferstoarn âld-bestjoerslid fan de Vereeniging Standvastige Hulp in Tegenspoed in taspraak hold. Syn ferstjerren wie foarsidenijs fan in soad Amsterdamske kranten. Syn frou lies yn de krante, ûnderweis nei de stêd, fan de dea fan har man. Onsman waard op datselde begraafplak begroeven. Op syn grêf is syn byldnis yn relief oanbrocht, flankearre troch bylden fan figueren út syn wurk: de mandeflechter Balke út 'It ljocht yn de nacht' en de swalker fan Prodnetskoi, makke troch byldhouwer Anton Fortuin. Nei de dea fan Onsman rekke syn wurk stadichoan yn it ferjitboek. It blykte te datearre op noch opfierd wurde te kinnen. Wol kaam yn de Twadde Wrâldoarloch noch in nije edysje út fan syn roman en yn 1946 brocht syn útjouwer Haverman in twadde printinge út fan Vaders jaardag. Fan Rinus de IJsbeer oant Arjen de Bouwer ferskynde op it lêst yn de jierren tachtich as fúljeton yn de Woerdense Courant.
Wurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Toaniel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Vergulde leugens (1904)
- Naar 't huis (1904)
- 'n Uitgeknepen citroen (1905)
- Vaders jaardag (1906),
- 'n Recept (1907)
- De heilige dienst (1908)
- De barmhartige Samaritaan (1910)
- Het schot aan den grens (1917)
- Het licht in den nacht (1917)
- Corry Flapuit (1918)
- De zwerver van Prodnetskoi (1921)
- De getrapten (1919, bewerking uit het Duits van Ernst Preczang).
Proaza
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Van Rinus de IJsbeer tot Arjen de Bouwer; Levensfragmenten uit de groote wereld der heel kleinen (1929).
Histoarysk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Gedenkboek 1891-1916. Bedrijf en organisatie der kappers en barbiers in Nederland (1916).
- Een tienjarig tijdperk van het kappersbedrijf en den organisatiearbeid van den Nederlandschen Barbiers- en Kapperbond bij zijn 35-jarig bestaan, beschreven door den secretaris-redacteur (1916).
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Harmsen, G.: Inte Onsman; in Biografisch Woordenboek van het Socialisme en de Arbeidersbeweging in Nederland 8, Amsterdam, 2001
- Huis, T.: Jubileumboek Nederlandsche Kappersbond 1891-1966 (1966)
- Frysk hierknipper
- Frysk seeman
- Frysk toanielskriuwer
- Frysk koarte-ferhaleskriuwer
- Frysk publisist
- Frysk tydskriftredakteur
- Frysk fakbûnslieder
- Frysk sosjalist
- Nederlânsk hierknipper
- Nederlânsk seeman
- Nederlânsk toanielskriuwer
- Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer
- Nederlânsk publisist
- Nederlânsk tydskriftredakteur
- Nederlânsk fakbûnslieder
- Nederlânsk sosjalist
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Harns
- Persoan berne yn 1872
- Persoan stoarn yn 1929