Herman Heijermans
Herman Heijermans (Rotterdam, 3 desimber 1864 - Zandvoort, 22 novimber 1924) wie in Nederlânsk toanielskriuwer. Dêrneist skreau er ek hûnderten ferhaaltsjes (Falklandjes, nei syn skûlnamme Samuel Falkland). In oare skûlnamme fan him wie Koos Habbema.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Heijermans groeide op as âldste soan yn in liberaal joadske hûshâlding fan alve bern. Yn 1893 sette Heijermans útein as toanielresensint by de krekt oprjochte krante De Telegraaf. Hy skreau fûle kritiken en makke dêtroch rillegau in protte fijannen. Hy skreau sels toanielstikken dêr't in grutte sosjale belutsenheid út bliken die. Bygelyks syn Ghetto (1898), oer de nearzige, ortodoksk-joadske sfear fan sjachelders en foddekeaplju, Glück auf! (1911) oer de ôfgryslike ramp yn de myn Radbod yn Westfalen, en it tige ferneamde Op hoop van zegen (1900), oer it swiere, earmoedige libben yn de fiskerij. Yndrukken hjirfoar hie er opdien yn Scheveningen en Katwyk oan See, dêr't inkelde jierren wenne en kunde hie oan de skilder Jan Toorop. De measte fan syn stikken giene yn premiêre by de Nederlânske Toaniel Feriening yn Amsterdam, dêr't Esther de Boer-van Rijk de wichtichste protagoniste wie, foaral as Kniertje yn Op hoop van zegen en as Eva Bonheur. Heijermans wie tige warber yn de sosjalistyske beweging. Yn 1897 wie er lid wurden fan de yn 1894 oprjochte Sosjaal Demokratyske Arbeiders Partij (SDAP) en skreau foar dy partij yn 1898 it propagandastik Puntje. Begjin jierren 20 fan de 20e iuw wie Heijermans in skoftke direkteur fan Teater Carré.
Begraffenis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Herman Heijermans stoar yn 1924 mei 59 jier yn Zandvoort oan de gefolgen fan kanker. Syn begraffenis, organisearre troch de SDAP, wie yn Amsterdam. Syn populêrens die bliken út it grutte tal belangstellenden de rûte fan de lykkoets bylâns, fan Zandvoort nei Amsterdam: de minsken stiene rigendik.
Der besteane filmbylden fan Heijermans' te hôf bringst; der binne gjin filmbylden bekend fan Heijermans libben.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1892 - 'n Jodenstreek?
- 1892 - Trinette
- 1893 - Ahasverus
- 1893 - Dora Kremer
- 1893 - Fleo
- 1897 - Sabbath
- 1898 - Diamantstad
- 1898 - Ghetto
- 1898 - Het antwoord
- 1898 - Kamertjeszonde
- 1898 - Nummer tachtig
- 1898 - Puntje
- 1899 - De machien
- 1899 - De onbekende
- 1899 - Ego
- 1899 - Het zevende gebod
- 1900 - Eén mei
- 1900 - Het pantser
- 1901 - Op hoop van zegen
- 1901 - Ora et labora
- 1903 - Bloeimaand
- 1903 - Buren
- 1903 - Het kamerschut
- 1903 - Het kind
- 1903 - In de Jonge Jan
- 1903 - Schakels
- 1904 - Kleine verschrikkingen
- 1904 - Saltimbank
- 1905 - Allerzielen
- 1905 - Artikel 188
- 1905 - Biecht eener schuldige
- 1905 - De meid
- 1905 - Interieurs
- 1906 - Feest
- 1906 - Kleine vertelsels
- 1907 - Uitkomst
- 1907 - Vreemde jacht
- 1907 - Wat niet kon
- 1908 - Berliner Skizzenbuch
- 1908 - De groote vlucht
- 1908 - De opgaande zon
- 1908 - Joep's wonderlijke avonturen
- 1909 - De roode Flibustier
- 1909 - De schoone slaapster
- 1910 - Beschuit met muisjes
- 1910 - Nocturne
- 1911 - Gevleugelde daden
- 1911 - Glück auf!
- 1912 - Duczika
- 1914 - Brief in den schemer
- 1914 - De buikspreker
- 1914 - Een heerenhuis te koop
- 1914 - Robert, Bertram en Co.
- 1916 - Dageraad
- 1916 - Eva Bonheur (ek harkspul)
- 1917 - De wijze kater
- 1920 - De vliegende Hollander
- 1923 - Van ouds `De Morgenster'
- 1924 - De moord in de trein
- 1924 - Droomkoninkje
- 1925 - Vuurvlindertje
It sammele toanielwurk ferskynde yn trije dielen as Herman Heijermans Toneelwerken (red. G.A. van Oorschot, Simon Carmiggelt, H.A. Gomperts, Anton Koolhaas, H.H.J. de Leeuwe, H.S.F. Heijermans. Utj. G.A. van Oorschot, Amsterdam, 1965)
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1927 - Heijermans-herinneringen , F. Hulleman
- 1934 - Herman Heijermans, novellist, romancier, dramaturg, dr. G. Karsten
- 1949 - Herman Heijermans door B. Groeneveld
- 1954 - The dramatic work of Herman Heijermans , Seymour L. Flaxman
- 1964 - Herman Heijermans. Schrijversprentenboek , G. Borgers e.o.
- 1965 - Herman Heijermans' laatste levensjaren , Annie Heijermans-Jurgens
- 1967 - Herman Heijermans , C.A. Schilp
- 1971 - Met waarachtige zorg. De toneelschrijver Herman Heijermans , E. de Jong
- 1973 - Mijn vader Herman Heijermans; leven naast roem , Hermine Heijermans
- 1974 - Samuel Falkland. Schetsen en vertellingen Keazen en ynlaad troch Wim J. Simons
- 1996 - Geluk. Het leven van Herman Heijermans, Hans Goedkoop
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |