Barbier

Ut Wikipedy
In skearwinkel yn Boekarest (1842). Skearwinkels hiene ek in sosjale funksje

In barbier (út it Frânske barbier, fan it Latynske barba, "burd"), eartiids yn Fryslân meast skearbaas neamd, hâldt him dwaande mei it skearen, knippen en fersoargjen fan burd en snor. Tsjintwurdich docht in hearekapper sok wurk ek. Barbier is in tige âld berop dat by de Egyptenaren al yn heech oansjen stie. De namme is ôflaat fan it Latynske barba dat 'burd' betsjut. Fan de 14e iuw ôf ferienigen de barbiers harren yn gildes.

Yn de midsiuwen wie in barbier ek faak sjirurgyn, in soarte fan kombinaasje fan toskedokter en genêshear. It lûken fan kiezen en ierlitten wiene de meast foarkommende behannelingen. De read-wite kapperspeal by de yngong fan guon kapperswinkels bringt dat lêste noch te binnen. Hy is in represintaasje fan de bandaazjes dy't nei it ierlitten ophongen waarden om te drûgjen en ynelkoar ferstringele rekken.[1]

It skearen fan de burd barde mei in tige skerp skearmes dat op in learen bân slipe waard. Troch de útfining fan it feilichheidsskearmes en it elektrysk skearapparaat rekke it berop yn Jeropa en Noard-Amearika yn it delgean. Yn in protte Aziatyske en Afrikaanske lannen wurdt it berop fan barbier lykwols noch hieltyd beoefene, faak op strjitte, yn kombinaasje mei skuonpoetsen.

Antyk skearmes
Antyk skearmes
Antyk skearmes
 
Kapperspeal, om 1938
Kapperspeal, om 1938
Kapperspeal, om 1938
 
Strjitbarbier yn Rajasthan, Yndia
Strjitbarbier yn Rajasthan, Yndia
Strjitbarbier yn Rajasthan, Yndia
 

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (in) Smith, Kate. Why Barber Poles are Red and White Sensational color.