Kloklieden

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kloklet)

It kloklieden of mei in âldere namme, it kloklet, is it lieden fan de tsjerkeklok en hat yn de folkskunde in eigen plak. It folk tinkt om it lûd, soks blykt út in rymke dat de Boarnburgumer kloklet in 'belle', de Koartehimster in 'skelle' of 'brommer', de Beetster in 'brommer', de Beetstersweachster in 'sjonger' neamt en de Olterterpster tsjûget dat hy moai liedt, mar dat Súddrachten de kroan spant. Ek 'heart' men fan alles yn de klokkestim: 'Kom nei de tsjerke ta' (Aldehou), 'Earm Dokkum' (Dokkum), 'Ketlik, ryk doarp, stuollen en banken' (Ketlik), in befêstiging of ûntkenning fan wat jo yn berie hawwe ('Trou net' of 'Trou wol'), wylst it folksleauwe út de klank fan it kloklet in stjergefal foarseit ('Der hinget immen oan it kloklieden'). De sêge ken de stellen klokken (Snitsers stielen dy fan Goaiïngaryp), 'biskoppen' dy fan Siegerswâld, Frânsen dy fan Oerterp), it lieden fan de fersonken klokken (Tsjûkemar, Warten, Bonifatiuskapel of Kapellepôle by Weinterp), de troch de duvel yn it wetter smiten net-wijde klokken (fan Sint-Odulfuskleaster yn de Fluezen, fan Westergeast yn de Dollen) en it lieden fan ûnbekende klokken yn in poel by Feankleaster.

Der wurdt let om de tiid oan te jaan (tiidlieden) by ferstjerren en begraffenis, by kalinderfeesten (Sint Tomas, Aldjiersjûn) by fleurige gelegenheden foar lân en folk om oan te jaan oft der moarnstsjinst holden wurdt (op sneontejûn: 'dûmny lûkt in skjin himd oan') en om de leauwenden op te roppen. Yn de 19e iuw wie it kloklieden benammen yn de Wâlden in fermeits foar de jonge lju dy't besochten om 'moai' te lieden (klokstjoeren). Yn de Midsiuwen skynt men, neffens de opskriften, let te hawwen tsjin ûnwaar en demoanen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: