Tiidlieden

Ut Wikipedy

Tiidlieden is in beneaming yn De Wâlden foar it lieden fan de klok om de tiid oan te jaan. It waard nei de Twadde Wrâldoarloch noch twa oant trije kear op in dei dien op it plattelân. It tiidlieden kin faaks sjoen wurde as in oerbliuwsel út de Midsiuwen, doe't kloklieden trijeris deis it hillige oere oankundige en men yn 'e hûs en op it fjild it Ingel-des-Hearen hie.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: