Wilsterfûgels
Jump to navigation
Jump to search
De wilsterfûgels (Charadriidae) binne in famylje fan de wilstereftigen mei sa'n 64-66 soarten fan wilsters en ljippen. It binne kompakte fûgels mei koarte dikke nekken en lange meastentiids puntige wjukken.
Se komme oer de hiele wrâld foar, meastentiids flakby it wetter. Se jeije meast op it sicht en net sa as bygelyks de snipfûgels en klútfûgels dy't harren proai op 'e taast fine.
Soarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Under oaren binne der de folgjende skaaien en soarten.
- Famylje: wilsterfûgels (Charadriidae)
- Skaai: bûnte wilsters (Charadrius)
- Soarte: lytse bûnte wilster (Charadrius dubius)
- Soarte: bûnte wilster (Charadrius hiaticula)
- Soarte: dûkelmantsje (Charadrius alexandrinus)
- Soarte: Amearikaanske bûnte wilster (Charadrius semipalmatus)
- Soarte: grutte bûnte wilster (Charadrius morinellus)
- Soarte: grutte sânwilster (Charadrius leschenaultii)
- Skaai: wilsters (Pluvialis)
- Soarte: wilster (Pluvialis apricaria)
- Soarte: slykwilster (Pluvialis squatarola)
- Soarte: Amerikaanske wilster (Pluvialis dominica)
- Soarte: Sibearyske wilster (Pluvialis fulva)
- Skaai: ljippen (Vanellus)
- Soarte: ljip (Vanellus vanellus)
- Soarte: maskerljip (Vanellus miles)
- Soarte: Sileenske ljip (Vanellus chilensis)
- Soarte: wytsturtljip (Vanellus leucurus)
- Soarte: steppeljip (Vanellus gregarius)
- Skaai: bûnte wilsters (Charadrius)