Benninkmûne
| Benninkmûne | ||
| lokaasje | ||
| lân | ||
| provinsje | ||
| plak | ||
| adres | Varsseveldseweg 252 | |
| koördinaten | 51°58'N 6°19'E | |
| bysûnderheden | ||
| type mûne | stellingmûne | |
| funksje | nôtmûne | |
| flecht | 23,10 | |
| boujier | 1921 | |
| oare ynformaasje | ||
| monumintale status | ||
| monumintnûmer | 13087 [1] | |
| Webside | ||
| Side 'Doetinchemse Molens' | ||
| Kaart | ||
De Benninkmûne is in nôtmûne oan 'e Varsseveldseweg yn Doetinchem, Gelderlân.
De mûne waard yn 1921 boud mei gebrûk fan materiaal fan in mûne út Zelhem en ferfong in muonts út 1856 op itselde plak.
Eartiids hie de mûne selsswichting op ien binnenroede. Yn 'e rin fan 'e tiid rekke de mûne, dy't oarspronklik de Velsmûne hiet, brekfallich. It kaam op in stuit sels safier, dat de mûne troch de lokale brânwar brûkt waard om op te oefenjen.
Nei't de gemeente Doetinchem de mûne kocht folge yn 'e jierren 1979-1980 in restauraasje. De mûne krige doe de hjoeddeiske namme en waard ferneamd nei de mûndersfamylje. Tiisdeis en sneons wurdt de mûne fan 09:00 tot 15:00 oere oan it wurk set.
De Benninkmûne is in stellingmûne op in mitsele ûnderbou. De flecht fan de mûne is 23,10 meter en de roeden binne útrisd mei âld-hollânsk hekwurk. De ynrjochting bestiet út twa koppel me23,10alstiennen.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
