De Glind
De Glind (Nedersaksysk: De Gliend) is in lyts doarp yn de gemeente Barneveld yn de midden fan Nederlân, yn de provinsje Gelderlân. It leit tusken Barneveld en Leusden en hat 641 ynwenners (2004).
It doarp stiet benammen bekend om de protestantse jeugdynstelling de Rudolphstifting dy't hjir sit en stiet dêrom ek bekend as Jeugddoarp De Glind. Benammen dêrtroch hat it doarp in soad rekreatieve mooglikheden foar de jeugd, lykas in bernebuorkerij, maneezje, jeugdherberch en in swimbad.
Dochs is De Glinder Booyhoek gâns âlder as it jeugddoarp. It kerspel Barneveld bestie eartiids út it doarp en de buorskippen Kallenbroek, Esveld en De Glind. Yn de lêste buert lei ek it hûs De Glinthorst - in mânske wentoer mei in oantal bygebouwen. De hearen dan dy havesate hienen in tal pleatsen yn de omkriten lykas Bergstein, 'Den Brom (ek wol Kleijn Schaffelaer neamd), Grut Birreveld, Lyts Birreveld, De Knip en Burgstede. Yn de 19e iuw wennen der safolle bewenners yn De Glind dat it gemeentebestjoer der yn 1854 in iepenbiere legere skoalle fêstige.