Rekreaasjegebiet Zeumeren

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
SkatEilân oan it wetter

It Rekreaasjegebiet Zeumeren, faak koartwei Zeumeren neamd, is in rekreaasjegebiet tusken Voorthuizen en de A1 binnen de Gemeente Barneveld. It is ûntstien troch sânwinning fan it Zeumerse gat, dat noch altiten trochgiet. RGV beheart Zeumeren as rekreaasjeplasse. De Zeumerse beek fynt hjir syn oarsprong. Dizze beek rint út yn de Esvelder beek. De âldjiersdûk bart elk jier yn Zeumeren. Ienkear jiers wurdt ek it dûnsfestival Sunbeat op rekreaasjegebiet Zeumeren hâlden. Sportleafhawwers kinne hjir harren hert ophelje by Pitch&Putt Golf. Dit is golf op koarte ôfstannen (30 - 70 meter). Op 24 april 2009 is hjir ek SkatEilân Zeumeren iepene.

Besikers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It rekreaasjegebiet lûkt per jier sa'n 400.000 besikers. Yn de simmer giet it benammen om sinnegenieters en swimmers, yn de winter om wannelers dy't om de oanleine mar rinne, omdat hjir in Bisten-ABC-rûte (wannelrûte) makke is. It gebiet is sa'n 77 hektare grut en telt trije strannen mei in totale lingte fan 750 meter. Dit makket Zeumeren ta it grutste gebiet dêr't swom wurde kin yn de gemeente Barneveld. It gebiet lûkt benammen in soad besikers fan minsken op de campings om Voorthuizen hinne. Zeumeren leit sawat twa kilometer fan it sintrum fan Voorthuizen, en is dêrmei yn de simer ek in grutte trekpleister foar Voorthuizeners.

Skateilân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ir park makke yn 2009 in nije statrt nei in fallissemint fan oerdekt boarterspak Simsaland foar bern fan 6-9 jier fan Jan van der Hoorn. Eksperts fan de Efteling hawwe meitocht oer it konsept. Ek hawwe guon ûnderdielen in edukatyf aspekt. In it rekreaasjegebiet stiet no SkatEilân as oerdekte akkomodaasje fan 5500 m² dy't yn it teken stiet fan seefeart, ûnbewenne eilannen piraterij en ferburgen skatten foar bern oant tolve jier. Sa binne der ûnder oare in grut houten skip, wetter- en wynkanonnen, in soad wetter en sân dy't de besikers mei werom yn de tiid nimme, nei de Gouden Iuw, de tiid fan de VOC. Skoalbern kinne yn de minwaarfoarsjenning boartsje en ûntdekke, skatgrave en goud sykje springe glide mar ek boatsjes bestjoere en ynteraktive spultsjes dwaan.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: