Barneveld (gemeente)
Ede | |
---|---|
Sintrum fan Barneveld. | |
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Gelderlân |
boargemaster | Jan Luteijn (SGP) |
sifers en geografy | |
haadplak | Barneveld |
grutste plak | Barneveld |
ynwennertal | 62.649 (1 jannewaris 2024) |
befolkingstichtens | 345 / km² |
oerflak | 176,66 km² |
● wêrfan lân | 175,90 km² |
● wêrfan wetter | 0,76 km² |
tal doarpen | 10 |
ferkearsieren | A1 A30 N301 N344N800 N802 N805 Spoarline Amsterdam-Elten |
skiednis | |
oprjochte | 1818 |
oar | |
netnûmer | 0342, 0577 |
postkoade | 3770-3776, 3780-3781, 3784-3785, 3794, 3886 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.barneveld.nl |
Barneveld (Nedersaksysk: Barreveld) is in gemeente yn de provinsje Gelderlân. It haadplak is it plak mei deselde namme Barneveld. De gemeente beslacht in gebiet fan 176,74 km² en hat in ynwenneroantal fan 62.649 (1 jannewaris 2024, boarne: CBS). In ynwenner fan Barneveld wurdt in "Barnevelder" neamd. De gemeente Barneveld ûntstie yn syn hjoeddeistige foarm op 1 jannewaris 1818, doe't de doetiidske gemeente Barneveld fúzjearre mei de gemeenten Garderen en Voorthuizen, dy't yn 1812 fan Barneveld ôfspjalte wiene.
De gemeente Barneveld wurket sûnt 2010 gear mei de gemeenten Rhenen, Wageningen, Veenendaal, Ede, Nijkerk, Skerpenseel en Renswoude yn it regionaal gearwurkingsferbân Regio Foodvalley.
Kearnen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Plaknamme | Nedersaksysk | Ynwenners |
---|---|---|
Barneveld | Barreveld | 35.095 |
Voorthuizen | Voorthuzen | 11.340 |
Kootwijkerbroek | Kootjebroek | 5.740 |
Garderen | Garder | 2.150 |
Stroe | Stroe | 1.670 |
Terschuur | Terschuur/Schuurdaarp | 1.505 |
Zwartebroek | Zwartebroek | 1.440 |
De Glind | De Gliend | 620 |
Kootwijk | Kootwiek/Kodik | 275 |
Achterveld | align="leftt"|Achterveld | 145 |
Boarne: CBS |
Buorskippen en oare ûnoffisjele kearnen: Essen, Esveld, Garderbroek, Harselaar, Kallenbroek, Moorst (gedieltlik), Wessel en Rekreaasjegebiet Zeumeren.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente grinzget oan de gemeenten Nijkerk, Putten en Ermelo yn it noarden. De gemeente Apeldoarn yn it easten. De gemeenten Ede, Renswoude, Skerpenseel en Woudenberg yn it suden en de gemeenten Leusden en Amersfoart yn it westen.
De gemeente Barneveld leit foar in grut part yn it sintrale diel fan de Gelderske Fallei. Yn it easten en it noardeasten leit sângrûn fan de Feluwe mei bosken, heidefjilden en yn de buert fan Kootwijk it Kootwijkerzand. De gemeente wurdt fan east nei west trochsnien troch de Barneveldske Beek.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lânbou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente hat in hege konsintraasje bargehâlderijen en plomfeehâlderijen. It lânbougebiet bestiet benammen út greide en relatyf in bytsje ikkerlân, útsein oan de râne fan de Feluwe en hjir en dêr ferspraat oer de gemeente.
It oantal hinnen yn de gemeente Barneveld is it grutste fan alle Nederlânske gemeenten: 3,6 miljoen hinnen (2020).
Troch de hege konsintraaje fan (plom)fee hat de gemeente in heech dongoerskot.
Toerisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Benammen op de oergongssône tusken de Fallei en de Feluwe lizze in bulte campings, de measten tusken Voorthuizen en Garderen.
Media
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente Barneveld hat mei de Barneveldse Krant in deiblêd dat alle dagen ynformearret oer nijs út de gemeente en de regio. Fierders is der it hûs-oan-hûsblêd fan Wegener, Barneveld Vandaag. Dy krante ferskynt trije kear yn de wike.
De lokale omrop fan de gemeente is Radio Barneveld. Dy stjoert út op 93.1 FM op de kabel, 93.5 FM yn de eter en fia it ynternet út.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Barneveld fan Wikimedia Commons. |
Gelderlân | |
---|---|
Aalten - Alde Iselstreek - Apeldoarn - Arnhim (haadstêd) - Barneveld - Berg en Dal - Berkelland - Beuningen - Bronckhorst - Brummen - Buren - Culemborg - Doesburch - Doetinchem - Druten - Duiven - East-Gelre - Ede - Elburch - Epe - Ermelo - Harderwyk - Hattem - Heerde - Heumen - Lingewaard - Lochem - Maasdriel - Montferland - Neder-Betuwe - Nijkerk - Nimwegen - Nunspeet - Oerbetuwe - Oldebroek - Putten - Renkum - Rheden - Rozendaal - Sâltbommel - Skerpenseel - Sutfen - Tiel - Voorst - Wageningen - West-Betuwe - West-Maas en Waal - Westervoort - Wijchen - Winterswyk - Zevenaar | |
· · |