Springe nei ynhâld

Arent van Corlaer

Ut Wikipedy

Arent van Curler, letter Van Corlaer neamd, (Nijkerk, 1619 - 1667) wie in kommys en skout en in neef fan Kiliaen van Rensselaer en hie de lieding oer van Rensselaer's Rensselaerswyck yn de Nederlânske koloanje Nij-Nederlân yn 1637.

Van Corlaer troude de widdow Antonia Slaaghboom yn 1643, en hja setten har ta wenjen yn de omkriten fan Fort Oranje.

Yn 1662 stifte er fanwege Kiliaen van Rensselaer de koloanje Schenectady op lân dat er fan de Mohawks kocht hie, op de igge fan de Mohawk. Hy wie bekend om syn earlike omgong mei de yndianen. Hy oerlei by ferskillen fan miening en ûnderhannele oer frijlitting fan finzenen.

Van Corlaer is ferdronken yn it Champlain-mar yn it noarden fan New York, doe't er op wei wie nei gûverneur de Tracy fan Nij Frankryk (Kanada).