Springe nei ynhâld

Maas-Waalkanaal

Ut Wikipedy
Lokaasje fan it Maas-Waalkanaal
Loftfoto fan it Maas-Waalkanaal by Heumen

It Maas-Waalkanaal is in kanaal yn Nederlân fan 13,5 km lang dy't de rivieren de Maas en Waal mei-inoar ferbynt. It kanaal begjint by Heumen en rint noardlik dêr't it by Weurt, bewesten Nimwegen, einiget. De oansluting oan de Maas foarmet it trijeprovinsjepunt tusken Gelderlân, Limburch en Noard-Brabân.

It graven fan it kanaal sette útein yn 1920 ûnder leiding fan Ludolph Reinier Wentholt (1885-1946). Op 27 oktober 1927 waard it kanaal offisjeel troch keninginne Wilhelmina iepene. Foar it kanaal groeven waard, moasten skippen in omwei fan likernôch 100 km meitsje as se fan Heumen nei Nimwegen ta woene, dêr't se it Dútske efterlân wei berikke koene.

Foar it doarp Heumen hie it graven fan it kanaal mindere gefolgen. It doarp kaam tusken de Maas en it kanaal te lizzen, dêr't it doarp lestiger troch te berikken waard. It doarp Neerbosch waard yn twaen snien. Yn it doarp Hatert ferdwûnen troch it bouwen fan de brêge Hatertsebrug yn de 1960-er jierren de tsjerke en twa doarpskroegen, dêr't de doarpskearn by ferdwûn.

Yn 1970 waard besletten it kanaal breder te meitsjen mei in rûsde bedrach fan 117 miljoen gûne. Yn deselde tiid besleat it gemeentebestjoer om de stêd bewesten it kanaal útwreidzje te litten. Dêr kaam de nije wenwyk Dukenburg. Krapoan tsien jier letter waard de wyk Lindenholt boud, dy't foar in part it eardere doarp Neerbosch opslokte. Dêrtroch rint it Maas-Waalkanaal troch in part fan de beboude kom fan Nimwegen.

It slûzekompleks by Weurt

It kanaal sels leit alhiel yn Gelderlân, mar it behear dêrfan leit by Rykswettersteat ôfdieling East-Nederlân. Der is in slûzekompleks by Weurt, en der leit by Heumen ek in slûs, mar dy stiet hast altyd iepen, om't de Maas by Heumen op in konstant wetterpeil holden wurdt troch in keardaam by Grave.

Yn 2007 en 2008 waarden guon brêgen mei 25 oant 35 sm ferhege, sa't it wetterpeil yn it kanaal ferhege wurde koe.[1] Dêrtroch waard it mooglik en lit kontenerskippen mei fjouwer lagen gebrûk meitsje fan it kanaal. Troch it ferheegjen fan it wetterpeil late dat ta heger grûnwetterstân yn de geaen fuort tsjin it kanaal oan. Om sok oerlêst tsjin te gean liet Rykswettersteat in drenaazjesysteem oanlizze.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • (ned) van Eeuwijk, H.; Nillesen, G.J. (2002), Driekwart eeuw Maas–Waalkanaal 1927–2002 [Trijefearns iuw Maas–Waalkanaal 1927–2002], ISBN 9090162895