Springe nei ynhâld

Xanten

Ut Wikipedy
Xanten
Emblemen
               
Bestjoer
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Noardryn-Westfalen
kringWesel
Sifers
Ynwennertal21.776 (31 desimber 2023)
Oerflak72,43 km²
Befolkingsticht.301 ynw./km²
Stêdekloft6 Stadtbezirke
Hichte22 m boppe seenivo
Oar
Postkoade46509
Koördinaten51° 39' N 6° 27' E
Offisjele webside
www.xanten.de
Kaart
Xanten (Noardryn-Westfalen)
Xanten

Xanten is in stêd yn it noardwesten fan 'e Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. De stêd heart ta de kring Wesel.

De skiednis fan Xanten giet werom op 'e Romeinske tiid en mear as 2000 jier âld. By it Romeinske kamp Castra Vetera waard yn dy tiid in delsetting stifte mei de namme Colonia Ulpia Traiana. It tsjintwurdige Xanten ûntstie in eintsje fierderop, nei't oer it grêf fan de hillige Fiktor fan Xanten in tsjerke boud waard en dêr om hinne de earste bebouwing ferskynde. De namme "Xanten" is in gearlûking fan Ad Sanctos (by de hilligen).

Yn 1263 waard úteinset mei de bou fan de domtsjerke fan Xanten. Al yn 1228 krige Xanten stedsrjochten.

Gemeenteyndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 1969 bestiet de gemeente út de plakken Beek, Birten, Lüttingen, Marienbaum, Mörmter, Obermörmter, Ursel, Vynen, Wardt, Willich en Xanten.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Xanten fan Wikimedia Commons.