Titus Brandsma

Ut Wikipedy
Titus Brandsma
   hillige
Titus Brandsma as rektor fan de KU Nymwegen (1932)
Titus Brandsma as rektor fan de KU Nymwegen (1932)
persoanlike bysûnderheden
bertenamme Anno Sjoerd Brandsma
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 23 febrewaris 1881
berteplak Oegekleaster
stjerdatum 26 july 1942
stjerplak Dachau
etnisiteit Frysk
wurkpaad
kleasteroarder karmelyt
hillichferklearring
sillich ferkl. 3 novimber 1985
hillich ferkl. 15 maaie 2022
hjeldei 27 july
patroan fan Fryslân,
Sjoernalisten,
Sigarewinkels
Brandsma
Stânbyld fan Titus Brandsma yn Nymwegen.
Kado fan Titus Brandsma: in tekst yn it Frysk.
Titus Brandsma, manuskript fan syn biografy fan Theresia van Avila, skreaun yn de finzenis.
Stânbyld fan Titus Brandsma yn Oss.

Titus Brandsma (Oegekleaster, 23 febrewaris 1881Dachau, 26 july 1942) wie de kleasternamme fan de Fries Anno Sjoerd Brandsma, heechlearaar yn de filosofy, roomsk-katolyk teolooch en karmelyt. Hy wie yn de Twadde Wrâldkriich aktyf as fersetsman. Op 3 novimber 1985 waard hy troch Paus Johannes Paulus II sillich ferklearre. Op 25 novimber 2021 waard bekend dat paus Fransiskus de pater karmelyt hillich ferklearje soe, eat wat op 15 maaie 2022 syn beslach krige.

Libbensrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Iere libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Titus Brandsma waard yn Wûnseradiel berne as soan fan feehâlder Titus Brandsma en Tjitje Postma. Brandsma gie nei skoalle yn Boalsert en dêrnei, yn 1892, nei it gymnasium by it Minderbruorrenkleaster St. Antonius fan Padura yn Megen, Noard-Brabân. Hjir, by de karmeliten, krige hy de kleasternamme Titus. Yn 1905 waard hy ta preester weide. Fan 1906 oant 1909 studearre hy oan de Pontificia Università Gregoriana yn Rome, dêr’t hy nei in skritflik en mûnling eksamen promovearre ta doktor yn de wiisbegearte.

Dosint en sjoernalistyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Werom yn Nederlân joech Brandsma les yn de filosofy, sosjology en tsjerkeskiednis oan it filosofysk kolleezje fan de karmeliten yn Oss. Mei trije oare bruorren begûn hy oan in Nederlânske oersetting fan it wurk fan Teresia fan Avila. It earste part waard folslein troch Brandsma oersetten. Fan it tredde part, dat yn 1926 útkaam, soarge hy foar it meastepart fan it mystike wurk fan de hillige, Het kasteel der Ziel.

Hy waard ek haadredakteur fan in nijsblêd en stifte in katolyk HBS en lêsseal, alle trije yn deselde stêd. As lid fan it haadbestjoer fan de oarde spile Titus in wichtige rol by de fernijingsbeweging ûnder de karmeliten yn Nederlân. As geastlik adviseur fan de Nederlânske Roomsk-Katolike Sjoernalistenferiening hie hy in grut oandiel yn de modernisearring fan de katolike deiblêdparse yn Nederlân en yn bettere arbeidsfoarsjennings foar katolike sjoernalisten. Syn foarstellen ta it stiftsjen fan in sjoernalistenoplieding waard pas nei syn dea realisearre.

Karmelitaanske mistyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Brandsma ûntwikkele him ta in grut kenner fan de karmelitaanske en midsiuwske-Nederlânske mystyk. Hy wie de meistifter fan it wichtichste spirituele tiidskrift “Ons Geestelijke Erf”. Syn bysûndere samling kopyen fan midsiuwske mystike hânskriften hat oan de basis stien fan it hjoeddeiske Titus Brandsma Ynstitút yn Nymwegen. Kearn fan syn opfetting oer mistyk wie: Alles is yn God en God is yn alles. Dêrom stiet de mystikus net los fan it deistige libben, mar hy of sy stiet der júst folslein yn.

Brandsma wie sels mystikus, al huld hy syn spirituele libben strang ferstoppe foar de bûtewacht. De minsken by wa’t hy yn de kunde wie kinden him as in from, behelpsum, opwekt en ynteger persoan.

Heachlearaar wêzen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1923 waard Brandsma heachlearaar oan de yn dat jier stifte Katolike Universiteit Nimwegen, de hjoeddeiske Radboud Universiteit. Hy wie spesjalisearre yn de skiednis fan de mystyk, hy joech les yn de wiisbegearte en de ‘skiednis fan it fromwêzen’, of wol, de mistyk. Brandsma hie tal fan akademyske funksjes en wie yn de tiid fan it kolleezjejier 1932/1933 rektor magnifikus. Yn dizze funksje huld hy in taspraak oer it godsbegryp yn de nijmoadrige tiid dy’t in soad omtinken krige. It skaaimerke de mandéligens fan syn leauwe-oertsjûging wêryn sawol progressive tinkbylden as ‘rike roomske’ ortodoksy in plak hawwe.

Njonkenfunksjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken syn universitêre warberens wie Brandsma belutsen by tal fan roomsk-katolike organisaasje, ûnder oar as foarsitter fan it Bûn fan Bestjoeren foar it Roomsk-katolike Tariedend Heger en Middelber Underwiis, en as bestjoerslid fan it R.K. Fredesbûn en fan it Apostolaat der Weriening. Ek wie hy lid fan de katolike feriening fan esperantisten yn Nederlân.

Brandsma spile in wichtige rol by de emansipaasje fan de katoliken yn Fryslân en by de yntroduksje fan it Frysk yn it lesprogram fan it leger ûnderwiis yn de provinsje. Hy joech stipe oan it meitsjen fan Frysktalige ferhalen, lieten, devoasjeprintsjes en gebedeboeken. Ut en troch skreaun hy sels ek yn it Frysk, ek huld hei Frysktalige missen. As bestjoerslid fan de Feriening foar Heger Underwiis yn it Frysk (de lettere Provinsjale Underwiisrie fan Fryslân) ivere hy foar in learstoel Frysk. Hy wie lid fan it Fryske Gea en meistifter en earste sekretaris fan it Roomsk Frysk Boun en fan de Fryske Akademy (1938).

Ferset[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al betiid warskôge Brandsma yn wurd en skrift foar de gefaren fan it nasjonaal-sosjalisme, antysemitisme, rassehaat en opstokelderij. Hy feroardielde de anty-Joadske maatregels fan it Hitlerregear sawol foar as yn de tiid fan de besetting. Sa wie er om 1936 hinne in skoftke lid fan it troch Nederlânske gelearden en keunstners stifte Comité van Waakzaamheid tegen het nationaal-socialisme. Yn de Twadde Wrâldoarloch fersette hy him tsjin it fuortheljen fan Joadske learlingen en bekearlingen fan katolike middelbere skoallen en wie hy de arsjitekt fan it ferbod dat de Utertske ierdsbiskop Jan de Jong útfeardige tsjin it opnimmen fan NSB-advertinsjes yn de Roomsk-Katolike deiblêden. As lanlik adviseur fan de katolike deiblêdskriuwers kaam Brandsma yn de pine te sitten.

Arrestaasje en ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As gefolch fan syn ferset waard Brandsma op 19 jannewaris 1942 troch de Gestapo arrestearre. Mei in tocht lâns de ‘Oranje’-finzenis yn Skeveningen, Kamp Amersfoart en de straffinzenis fan Klees bedarre hy úteinlik yn it beruchte konsintraasjekamp Dachau. Ek dêr wie, sa sizze de eardere kampgenoaten fan him, dizze ‘gewoane’ mystikus in grutte morele, spirituele en wiere steun foar de oare finzenen. Under minne omstannichheden moast hy twangarbeid ferrjochtsje en waard hy foltere en mishannele. Hy waard útputte en deasiik yn it kamphospitaal opnommen. Mei in deadlike spuit makke in kampdokter op 26 july 1942, om 13:50 oere in ein oan syn libben. Neffens syn dea-oarkonde fan in dokter út it kamp stoarn Brandsma oan de gefolgen fan in búkgryp.

Neitins en ferearing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei dat bekend waard dat Brandsma dea wie ûntstie der al gau in devoasje om syn neitins dy’t uteinlik laad yn syn sillichferklearring troch Paus Johannes Paulus II yn 1985. Syn oantinsdei falt op 27 july. Der rint op it stuit in proses om him ek hillich ferklearre te krijen.

Yn de rin fan de tiid waard Brandsma as fersetsstrider, kristen, katolyk en Fries op ferskate plakken betocht. Sa binne der ferskate skoalgebouwen nei him neamd. Skoallen yn Boalsert, Brunssum, Doardt, Delft, Hengelo, Hegefean, Fenlo en Oss binne der skoalgebouwen nei him neamd. Yn Amstelfean is in Titus Brandsmatsjerke. Der is yn Breukelen, provinsje Utert in Titus Brandsmastrjitte. Yn De Haach bestiet sûnt 1 july 2007 de Titus Brandsma Parochy. Oan de ein fan 2005 waard Titus Brandsma troch de ynwenners útrôpen ta de Grutste Nymweger aller tiden. Yn Nymwegen stiet ek de Titus Brandsma Oantinstsjerke, wêryn troch de keuntsners Arie Trum en Coen Tuerlings ûntwurpen muorrepanelen oer it libben en de geastlike wei fan Titus Brandsma te sjen binne, lykas dêrmei gearhingjende útstalkasten mei foarwerpen en dokuminten út syn libben.

Syn neitins beheind him net allinnich ta Nederlân. Sa hinget yn in tsjerke fan de Karmeliten yn Gdansk, Poalen it portret fan Titus Brandsma oan de muorre. Yn Frankryk is in strjitte yn Nantes dy’t syn namme hat, de Allée Titus Brandsma, en yn Lyon is der in centre catholique Titus Brandsma. Ek is dêr in Prix Titus Brandsma ynstelt, dy’t iens yn de trije jier tasein wurdt oan 'in sjoernalist, in publikaasje of in ynstelling, dy’t te leien hân hat fan bedrigings of ferfolgings fanwegen syn/har belutsenheid yn de media foar de geunst fan in wichtich minsklik of kristlik ûnderwerp'.[1] De Ynternasjonale Feriening fan katolike esperantisen, IKUE hat fan Titus Brandsma ien fan syn patroanen makke. [2].

Iepenbier ferfierders Veolia en Arriva hawwe treinen nei Brandsma neamd. [3][4]

Underskiedings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Begjin 1939 waard hy troch keninginne Wilhelmina ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw beneamd. Nei de Twadde Wrâldkriich krige hy fan Prins Bernhard, postúm, it Fersetskrús.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Titus Brandsma, Meijer, Brocardus o.carm., Bussum 1951
  • Het leven van Titus Brandsma, Aukes, HWF, Boalsert 2003 ISBN 9789027471598
  • Titus Brandsma, De man achter de mythe - de nieuwe biografie, Crijnen, T, Valkhof Pers, Nymwegen, 2008 ISBN 978 90 5625 278

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (fr) : Prix internationaux de journalisme
  2. (fr) : Frânske hiemside IKUE
  3. Veolia heeft nog wel dertig namen voorradig. De Gelderlander, 21 novimber 2007.
  4. Bijzondere namen, Arriva.nl (sjoen op 18 desimber 2009)