Springe nei ynhâld

Kamp Mariënbosch

Ut Wikipedy
Nissenhutten op it ynternasjonaal kamp te Nimwegen, 1946

Kamp Mariënbosch is in earder legerkamp oan de ein fan de Twadde Wrâldoarloch en ynternearringskamp krekt nei ôfrin fan de Twadde Wrâldoarloch yn Nijmegen.

It kamp lei yn it Mariënbosch, in bosk dat letter foar in part bewurke waard ta stedspark yn de wyk Kwakkenberg tusken de Groesbeeksewei, de Boswei, de Sophiawei en it kleaster Mariënbosch.

Allieard legerkamp

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It legerkamp waard yn gebrûk nommen yn 1944. It tsjinne foaral as sammelplak foar Britske en Kanadeeske militêren dy 't repatriearre wurde moasten. Nei it begjin fan Operaasje Veritable[1] yn febrewaris 1945, dêr 't it kamp ek as tarieding foar tsjinne, rekke it kamp stadichoan yn ûnbrûk en waard nei ôfrin fan de oarloch ferlitten troch de alliearden. In lyts part fan it terrein waard ôfgroeven en dêr waard yn 1946 boarterstún De Leemkuil iepene.

Ynternearringskamp

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dêrnei krige it kamp in bestimming foar Operaasje Black Tulip. Dy operaasje fan it Nederlânske regear fuort nei de Twadde Wrâldoarloch hie as doel de Dútsers dy 't yn Nederlân wennen it lân út te setten. Op 11 septimber 1946 waard mei de operaasje útein set. It kamp waard ynrjochte troch de Ryksfrjemdlingeplysje. It wie de bedoeling on 17.000 - 25.000 Dútsers, dêr 't de measten fan al lang foar de oarloch yn Nederlân wennen en in húshâlding hiene, te ferdriuwen. Yn 1947 waard konstatearre dat Kamp Mariënbosch te lyts wêze soe om alle 20.000 persoanen dêr fêstsette te kinnen. Yn maaie fan dat jier wiene der 800 minsken detinearre, wylst der hast gjinien útset wie, omdat de Ingelske autoriteiten de Dútsers net yn Dútslân talitte woene.
Uteinlik soene sa'n 3.600 minsken útset wurde. Se waarden earst fêstset yn kampen lâns de Nederlânsk-Dútske grins.

Kamp Mariënbosch wie it grutste fan sokke kampen. It kamp wie mei stikeltried omheind en bestie út 86 nissenhutten, metalen healsilindryske ûnderkommens foar de detinearden, en inkelde houten barakken. Fia in needstation by de d'Almaraswei oan de spoarline Nimwegen - Kleef en de spoarline Nimwegen - Venlo waard de útsetting útfierd oer de Hawkins Link.

Yn maaie 1947 kaam der krityk op it kamp. De Dútsers soene op ûndúdlike grûnen arrestearre wêze, en de omstannichheden yn it kamp wiene min. De krityk waard tsjinsprutsen troch de Ryksfrjemdlingeplysje en it ministearje fan Justysje. De kommandant fan it kamp, J. Schol, hie earder kommandant fan Kamp Westerbork west, ûnder oare doe 't it kamp noch it Sintraal Flechtlingekamp Westerbork hiet en ornearre wie foar joadske flechtlingen út Dútslân en Eastenryk.

Ein 1948 waard it kamp sletten, neidat de noch oerbliuwende finzenen frijlitten wiene, foarsafier 't se net gefaarlik achte waarden.

It kamp wie noch koart yn gebrûk foar needbewenning mar waard gau ûntmantele. Yn 1952 waarden de lêste barakken sloopt en waard it grutste part fan it gebiet wer bosk.

De Tuchtschool en Groede

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Nijmegen waarden ek NSB' ers en kollaborateurs opsletten yn bewar- en ferbliuwskamp De Tuchtschool (1946-1951) en kamp Groede (1946-1951).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Noaten
  1. In militêre operaasje fan de Britske 21e Legergroep ûnder lieding fan fjildmaarskalk Bernard Montgomery