Sint-Ignatiustsjerke (Mainz)

Ut Wikipedy
Sint-Ignatiustsjerke

St. Ignaz

Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
plak Mainz
adres Kapuzinerstraße
koördinaten 49° 59' N 8° 16' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Mainz
patroanhillige Ignatius fan Antiochje
Arsjitektuer
arsjitekt Johann Peter Jäger
boujier 1763-1775
boustyl Klassisisme
Webside
Side Ignatiusparochy
Kaart
Sint-Ignatiustsjerke (Rynlân-Palts)
Sint-Ignatiustsjerke

De Sint-Ignatiustsjerke (Dútsk: St. Ignaz) yn 'e Kapuzinerstraße is in parochytsjerke yn Mainz, de haadstêd fan 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. De tsjerke waard fan 1763 oant 1775 ûnder lieding fan Johann Peter Jäger boud en wijd oan de yn 107 ferstoarne biskop Ignatius fan Antiochje.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Krusigingsgroep (1519)

De tsjerke waard tagelyk mei de Augustinertsjerke en de Sint-Petrustsjerke fan Mainz boud, mar oars as dy tsjerken waard de Ignatiustsjerke net yn barokke mar yn klassisistyske styl boud.

De tsjerke stiet op it grûnstik fan in midsiuwske foargonger, dy't de parochytsjerke fan it eardere plak en lettere Mainzer stedsdiel Selenhofen wie. Dat wie in romaanske, letter yn goatyske styl útwreide, tsjerke. Yn 'e rin fan de 18e iuw wie dy foargonger brekfallich woarn. De earste skriftlike fermelding fan dy midsiuwske foargonger datearret út it jier 1259 of mei wat ûnwissichheid út de 12e iuw.

Yn 'e krypte binne mear as 200 grêven, werfan guon fan de wurklju dy't de tsjerke bouden. Op it eardere tsjerkhôf fan de tsjerke stiet in barokke krusigingsgroep, in wurk fan Hans Backoffen út 1519.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gevel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De sânstiennen gevel is neffens it 17e-iuwske foarbyld fan de Saint-Gervais-Saint-Protais yn Parys. Benammen de tapassing fan doryske, ionyske en korintyske pylders en de dêrby passende ûntwerpen fan de pilasterkapitelen binne ûntliend oan it Frânske foarbyld.

Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur

De tsjerke hat in krúsfoarmich grûnplan. Neffens de plannen soe de tsjerke oarspronklik in toer boppe it koer krije, mar dat plan is nea útfierd. It plafond yn de tsjerke is it wurk fan Johann Valentin Thoman. De skilderijen oer it libben fan de patroanhillige oan it plafond waarden yn de jierren 1773-1776 troch Johann Baptist Enderle oanbrocht. Yn 1902-1906 en yn de jierren 1950 binne de fresko's restaurearre, in restauraasje fan de tsjerke folge yn de jierren 1980.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oargel

De oargelkas giet werom op in ynstrumint út de jierren 1779-1781 fan de oargelbouwer Joseph Anton Onimus, dy't by de bou troch in ûngelok om it libben kaam. De bou fan it oargel waard mooglik makke troch de widdo Anna Clara Manera. Efter de oargelkas boude Bernhard Dreymann yn 1837 in nij ynstrumint, dat yn 1903 troch Balthasar Schlimbach feroare waard. Fan de pipen fan it Dreymann-oargel bleau 80% bewarre. Mei goed 2000 pipen is it oargel fan Sint-Ignatius it grutste fan de oargelbouwer.

It oargel is foar it lêst yn 2019 restaurearre.

It sleepladen-ynstrumint besit 37 registers op twa manuaalwurken en pedaalwurk. De spyl- en registertraktueren binne mechanysk.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise, op dizze side.