Südwestpfalz

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Landkreis Südwestpfalz
Lage des Landkreises Südwestpfalz in Deutschland.png
flagge wapen
Flagge Landkreis Suedwestpfalz.svg DEU Landkreis Suedwestpfalz COA.svg
sifers
soarte gebiet Lânkring
ynwennertal 94.831 (2019)
oerflak 953,65 km²
befolkingstichtens 99 / km²
polityk
lân Flag of Germany.svg Dútslân
bûnslân Flag of Rhineland-Palatinate.svg Rynlân-Palts
haadplak Pirmasens (bestjoerlik sintrum)
grutste plak Rodalben
tal gemeenten 99
kenteken PS, ZW
Kreisschlüssel 07 3 40
oar
stifting 1818
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
koördinaten 49°13′ N 7°40′ E
webside lksuedwestpfalz.de

De lânkring Südwestpfalz is in distrikt yn it suden fan it Dútske bûnslân Rynlân-Palts. De kringfrije stêd Pirmasens is it bestjoerlik sintrum, dy't hielendal troch de lânkring omfieme wurdt, mar sels gjin ûnderdiel is fan de lânkring. De gemeente mei de measte ynwenners is de stêd Rodalben. De lânkring Südwestpfalz grinzget sawol oan it Saarlân as oan Frankryk.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lânkring Südwestpfalz is wat lânskip oanbelanget yn twaën te ferdielen. Yn it easten lizze de heuvels fan it Pfälzerwald. Op de sânstiennen rotsen waakse dêr ôfwikseljende wâlden, trochsnien troch deltes mei ferskillende rivierkes. Toerisme is fral oanwêzich yn it Dahner Felsenland, dêr't frijsteande rotsen fan sânstien it lânskip siere. It westen fan de lânkring makket diel út fan de Westricher Heechflakte, en hat fral in iepen, agrarysk lânskip. Hielendal yn it súdwesten fan de lânkring leit Hornbach, dêr't it eardere benediktynske kleaster yn de midsiuwen in wichtich kultuer- en ûntjouwingssintrum fan it Hillige Roomske Ryk wie.

De lânkring grinzget mei de klok mei fan it súdwesten ôf oan Saarpfalz-Kreis (yn it Saarlân), de kringfrije stêdt Zweibrücken en de lânkringen Kaiserslautern en Bad Dürkheim, oan in eksklave fan de kringfrije stêd Landau in der Pfalz en oan de lânkring Südliche Weinstraße (allegear yn Rynlân-Palts). Yn it suden grinzget de lânkring oan Frankryk.

Stêden en gemeenten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yndieling ferbânsgemeenten lânkring Südwestpfalz
Ferbânsgemeenten
  1. Bobenthal
  2. Bruchweiler-Bärenbach
  3. Bundenthal
  4. Busenberg
  5. Dahn 1, 2
  6. Erfweiler
  7. Erlenbach bei Dahn
  8. Fischbach bei Dahn
  9. Hirschthal
  10. Ludwigswinkel
  11. Niederschlettenbach
  12. Nothweiler
  13. Rumbach
  14. Schindhard
  15. Schönau
  1. Darstein
  2. Dimbach
  3. Hauenstein 1
  4. Hinterweidenthal
  5. Lug
  6. Schwanheim
  7. Spirkelbach
  8. Wilgartswiesen
  1. Bottenbach
  2. Eppenbrunn
  3. Hilst
  4. Kröppen
  5. Lemberg
  6. Obersimten
  7. Ruppertsweiler
  8. Schweix
  9. Trulben
  10. Vinningen
  1. Clausen
  2. Donsieders
  3. Leimen
  4. Merzalben
  5. Münchweiler an der Rodalb
  6. Rodalben 1, 2
  1. Biedershausen
  2. Herschberg
  3. Hettenhausen
  4. Höheischweiler
  5. Höhfröschen
  6. Knopp-Labach
  7. Krähenberg
  8. Maßweiler
  9. Nünschweiler
  10. Obernheim-Kirchenarnbach
  11. Petersberg
  12. Reifenberg
  13. Rieschweiler-Mühlbach
  14. Saalstadt
  15. Schauerberg
  16. Schmitshausen
  17. Thaleischweiler-Fröschen 1
  18. Wallhalben
  19. Weselberg
  20. Winterbach
  1. Geiselberg
  2. Heltersberg
  3. Hermersberg
  4. Höheinöd
  5. Horbach
  6. Schmalenberg
  7. Steinalben
  8. Waldfischbach-Burgalben 1
  1. Althornbach
  2. Battweiler
  3. Bechhofen
  4. Contwig
  5. Dellfeld
  6. Dietrichingen
  7. Großbundenbach
  8. Großsteinhausen
  9. Hornbach 2
  10. Käshofen
  11. Kleinbundenbach
  12. Kleinsteinhausen
  13. Mauschbach
  14. Riedelberg
  15. Rosenkopf
  16. Walshausen
  17. Wiesbach
1 sit fan de ferbânsgemeente; 2 stêd

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
Rynlân-Palts
Flagge fan Rynlân-Palts
Regierungsbezirke

Koblenz - Trier - Rynhessen-Palts

Landkreise
Ahrweiler - Altenkirchen - Alzey-Worms - Bad Dürkheim - Bad Kreuznach - Bernkastel-Wittlich - Birkenfeld - Cochem-Zell - Donnersbergkreis - Eifelkreis Bitburg-Prüm - Germersheim - Kaiserslautern - Kusel - Mainz-Bingen - Mayen-Koblenz - Neuwied - Rhein-Hunsrück-Kreis - Rhein-Lahn-Kreis - Rhein-Pfalz-Kreis - Südliche Weinstraße - Südwestpfalz - Trier-Saarburg - Vulkaneifel - Westerwaldkreis

Kreisfreie Städte
Frankenthal - Kaiserslautern - Koblenz - Landau - Ludwigshafen - Mainz - Neustadt (Weinstraße) - Pirmasens - Spiers - Trier - Worms - Zweibrücken