Sint-Stefanustsjerke (Mainz)

Ut Wikipedy
Sint-Stefanustsjerke

St. Stephan

Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
plak Mainz
adres Kleine Weißgasse 12
koördinaten 49° 59' N 8° 16' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Mainz
patroanhillige Stefanus
Arsjitektuer
boujier 13e-14e iuw
boustyl Gotyk
Webside
Side Stefanusparochy
Kaart
Sint-Stefanustsjerke (Rynlân-Palts)
Sint-Stefanustsjerke

De Sint-Stefanustsjerke (St. Stephan) is ien fan 'e meast bekende tsjerken fan de stêd Mainz yn Dútslân. Alle jierren wurdt de tsjerke, dy't yn it jier 990 ûnder aartskânsler Willigis op de heechste heuvel fan de stêd boud waard, besocht troch tsientûzenen minsken. De hjoeddeiske tsjerke datearret lykwols út in letter tiidrek.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Stefanustsjerke is in trijeskippige goatyske halletsjerke mei in eastlik en westlik koer en in grutte achthoekige klokketoer boppe it westlike koer.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it jier 990 liet Willigis, aartsbiskop fan Mainz en aartskânsler fan it Hillige Roomske Ryk, op it plak in tsjerke bouwe as ûnderdiel fan in kollegiaal stift. Willigis, dy't ek in nije domtsjerke bouwe liet yn Mainz, waard nei syn ferstjerren yn de Stefanustsjerke begroeven. Troch de lettere feroarings is it krekte plak fan syn grêf net mear fêst te stellen.

kleastergong

Tusken de twadde helte fan de 13e iuw en 1335 waard op 'e fûneminten fan 'e foargonger útein set mei de bou fan in goatyske tsjerke. Fan 1462 oant 1499 waard oan de súdlike kant fan de tsjerke in kleastergong oanboud.

Fan 1212 oant in renovaasje yn 1500 waard yn de tsjerke in relikwy fan de hillige Anna bewarre. It giet om in stik fan de plasse, dat yn de 14e iuw yn in goatyske sulveren relykhâlder ynbrocht waard. De relykhâlder waard stellen en kaam lang om let yn Düren telâne, dêr't de relykhâlder noch jimmeroan yn 'e Sint-Annatsjerke bewarre wurde.

De tsjerke waard yn de barokke tiid op 'e nij ynrjochte neffens de doe hearskjende moade. Mei it eksplodearjen fan in tichtebylizzende pulvertoer yn 1857 rekke de Stefanustsjerke slim skeind. By de weropbou waard doe it âlde barokke ynterieur ferwidere.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard de tsjerke troch loftoanfallen swier skansearre. It grutte loftbombardemint op Mainz op 27 febrewaris 1945 fernielden de toer mei de klokken dêryn en de grutte westlike toer moast dêrnei mei in komplekse operaasje restaurearre wurde. De goatyske ferwulften fan it skip en it koer binne noch jimmeroan net rekonstuearre en troch in houten plafond ferfongen. Nei de fernielings oan de tsjerke troch de 19e-iuwske eksploazje en de bombardeminten op de stêd yn de Twadde Wrâldkriich binne de 13e-iuwske altermensa en it grutte tabernakel (± 1500) bewarre bleaun.

Marc Chagall[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Koer mei Chagall-finsters

De Stefanustsjerke is de iennige tsjerke yn Dútslân dêr't Marc Chagall ramen foar makke. De finsters binne sûnt 1978 ynbrocht as in joadsk-dútske fersoening. Oant syn dea yn 1985 makke Chagall meiïnoar njoggen ramen foar it eastlike koer en it dwersskip. Ien fan de bekendste foarstellings is de besiking fan Adam en Eva yn it paradys. It lêste raam waard nei it ferstjerren fan Chagall yn 1985 ôfmakke troch de glesker Jacques Simon yn Reims, dy't 28 jier mei Chagall gearwurke hie.

Yn 2014 waarden yn New York de ûntwerpsketsen feild. Trije ûntwerpen yn ferskillende blauwe kleuren foar it tsjerkeskip koene neitiid fan in partikuliere stifting troch de Stefanustsjerke oernommen wurde. Yn 2017 wiene de ûntwerpen te sjen yn de tsjerke. No binne dy as reproduksjes dêrfan yn de tsjerke útstald, wylst de orizjinelen hjoed-de-dei yn it Dommuseum fan Mainz te sjen binne.

Deutsche Post AG joech yn 2018 krystsegels út mei in ôfbyld fan it tsjerkefinster dat Marije mei it Bern ôfbyldet.

Klais-oargel (2013)

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oant 1 maart 2013 hie de Stefanustserke yn it noardlike dwersskip mar in lyts oargeltsje fan alve registers. Fiifensechtich jier nei de kriich waarden prikken yn it wurk steld om de tsjerke in folweardich oargel te jaan. It hjoeddeiske trijemanualige ynstrumint waard troch Klais Orgelbau boud en hat 46 registers. Op 1 maart 2013 is it nije oargel troch de biskop fan Mainz ynwijd.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise, op dizze side.