Springe nei ynhâld

Orgelbau Klais Bonn

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Klais Orgelbau)
Klais Orgelbau.

Orgelbau Klais Bonn is in Dútsk bedriuw dat oargels ûntwerpt, boud en restaurearret. It is in famyljebedriuw, dat yn 1882 troch Johannes Klais stifte waard. De firma is yn 'e Dútske stêd Bonn fêstige en boud en restaurearret al mear as 140 jier oargels oer de hiele wrâld.

Johannes Klais learde it oargelbouwerberop yn 'e Elzas, Switserlân en it suden fan Dútslân. Yn 1882 stifte er syn eigen bedriuw yn Bonn. Yn 1906 yntrodusearre er mei syn soan Hans de elektryske traktuer.

Yn 1925 naam Hans Klais de saak oer. Yn syn tiid rekken de ûntwerpen fan 'e oargelkassen ûnder ynfloed fan 'e moderne tiid en waarden der ergonomyske spyltafelûntwerpen ûntwikkele. Hans Gerd Klais, de pakesizzer fan 'e stifter, naam de saak yn 1965 oer. Philipp Klais, de oerpakesizzer fan Johannes Klais, studearre de bou fan oargels yn Frankryk, Dútslân en oerseeske gebieten en hy hat hjoed-de-dei de lieding fan it bedriuw.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Klais Orgelbau (ferzje 29 juny 2024)