Willigis

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Willigis
Christian cross.svg   hillige
De aartsbiskop op de stedsfontein fan Bingen am Rhein
De aartsbiskop op de stedsfontein fan Bingen am Rhein
persoanlike bysûnderheden
bertedatum ± 940
berteplak Schöningen
stjerdatum 23 febrewaris 1011
stjerplak Mainz
hillichferklearring
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke

Willigis, hiel somtiden ek Williges of Willegis, berne om 940 hinne yn Schöningen yn Nedersaksen; ferstoarn op 23 febrewaris 1011 yn Mainz, wie aartsbiskop fan Mainz. Willigis wurdt yn de Roomsk-Katolike Tsjerke as in hillige fereare en wurdt op 23 febrewaris (net ferplicht) betocht.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Willigis wie in soan fan frije, mar ienfâldige âlden en kaam yn 969 yn kontakt mei it hôf fan keizer Otto I. Fanôf 971 wie Willigis de kânselier fan de keizer, dat er ek ûnder Otto II bleau. Yn jannewaris 975 beneamde Otto II him ta aartsbiskop fan Mainz, dat ûnder syn lieding ien fan de rykste aartsbisdommen fan Europa waard.

As gjin oar wist Willigis it lot fan de Tsjerke en it Ryk yn de iere midsiuwen te stjoeren en de posysje fan de tsjerkeprovinsje Mainz te fuortsterkjen. Mei syn beneaming ta aartsbiskop krige Willigis fan paus Benediktus VII it foarrjocht fan pauslike fikaris foar it libben. Dêrmei wie Willigis belangriker as alle oare aartsbiskoppen fan it Hillige Roomske Ryk en by twa wichtige saken makke de aartsbiskop gebrûk fan dat foarrjocht: by de organisaasje fan synoades en by it wijen en kroanen fan de foarst.

De dom fan Mainz

Nei de dea fan Otto II op 7 desimber 983 wie Otto III opfolger. Om't Otto III doe noch mar trije jier âld wie, moast syn mem, keizerin Teofanu, de saken waarnimme en doe't hja yn 991 ferstoar, waard Willigis feitlik regint fan it Ryk, oant Otto III yn 994 geskikt ferklearre waard om sels te regearen.

Yn 996 reizge Willigis mei Otto III nei Rome om dêr paus Jehannes XV by te stean yn in saak tsjin de romeinske famylje Crescenzi. Nei de ûnferwachtse dea fan paus Jehannes rôp Otto syn neef Bruno út ta de nije paus Gregoarius V. Nei't Otto III op 24 jannewaris 1002 ferstoar waard op oanwizing fan Willigis Hindrik II ta nije kening leazen en op 7 juny 1002 troch Willigis yn de domtsjerke fan Mainz kroand.

De aartsbiskop stie yn it hiele Hillige Roomske Ryk heech oanskreaun en ferstoar op 23 febrewaris 1011 yn Mainz. Hy waard yn de Stefanustsjerke fan Mainz begroeven.

Boumaster[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Willigis is de boubiskop fan de domtsjerke fan Mainz. Oannommen wurdt dat Willigis al by syn beneaming yn 975 mei de bou fan dom útein sette. Yn dy tiid wie de domtsjerke al sa grut, dat de folsleine befolking fan de stêd yn de tsjerke paste. Nearne noardlik fan de Alpen stie doe in tsjerke, dy't grutter wie as de Mainzer domtsjerke.

Neffens oaren wurdt it begjin fan de bou om likernôch 998 datearre. In yndult fan de paus, dy't Otto III útlokke hie, makke it foar de aartsbiskop fan Mainz ûnmooglik om yn de kroaningstsjerke fan Aken, dy't ûnder it bisdom Luik en dêrmei ûnder it Keulske aartsbisdom foel, de misse te fieren. Dat hie fan gefolgen dat Otto net ta kening kroand wurde koe. Om it pauslike beslút te omsyljen soe Willigis dêrom in oare kroaningstsjerke foar de Dútske kenings oanwiisd ha: de nije dom fan Mainz en de twa folgjende kenings Hindrik II en Koenraad II (1024) waarden wrachtich yn de Mainzer domtsjerke kroand.

Wis is dat de domtsjerke yn 1009 foltôge waard, mar op de dei fan de wijing (of in dei earder) baarnde de domtsjerke ôf. Mooglik wie de oarsaak de ferljochting dy't yn it ramt fan de feestlikheden wiene oanbrocht. De aartsbiskop wie yntusken al 69 jier, mar liet him net fan de wize bringe en nei de brân joech er fuort opdracht ta de weropbou. Willigis hie yn 990 ek opdracht jûn ta de bou fan de Sint-Stefanustsjerke yn Mainz. Dêr waard de aartsbiskop begroeven, om't de weropbou fan de domtsjerke noch net sa fier wie om dat dêr te dwaan.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Willigis