Zweibrücken
Zweibrücken | ||
![]() | ||
Slot | ||
Emblemen | ||
![]() ![]() | ||
Bestjoer | ||
Lân | ![]() | |
dielsteat | ![]() | |
lânkring | ![]() | |
Stedsyndieling | 10 Stadtteile | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 34.613 (31.12.2023) | |
Oerflak | 70,64 km² | |
Befolkingsticht. | 490 ynw./km² | |
Hichte | 226 m | |
Oar | ||
Postkoade | 66482 | |
Koördinaten | 49° 14' N 7° 21' E | |
Offisjele webside | ||
www.zweibruecken.de | ||
Kaart | ||
Zweibrücken is in kringfrije stêd yn it Dútske bûnslân Rynlân-Palts.
Flak foar it ein fan 'e Twadde Wrâldkriich waard Zweibrücken troch in bombardemint fan 'e Royal Air Force en de Royal Canadian Air Force hast folslein ferneatige. Mei mear as 80% ferneatiging hearde Zweibrücken ta de slimst troffen stêden fan Dútslân. Dy dei wurdt ek tsjintwurdich noch yn 'e folksmûle "Swarte Woansdei" (Schwarzer Mittwoch) neamd.
Stedsyndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Zweibrücken is te verdielen yn meardere stedsdielen. De doarpen Bubenhausen en Ernstweiler waarden yn 1926 by Zweibrücken yndield, yn 1938 folgen Ixheim en Niederauerbach. Yn 1972 wreide it stedsgebiet him út mei Mörsbach yn it noarden, Oberauerbach yn it noardeasten, Rimschweiler yn it suden, Mittelbach-Hengstbach yn it súdwesten en Wattweiler yn it west fan de stêd. De doarpen dy't yn 1972 by Zweibrücken yndield binne hawwe de status fan Ortsbezirk.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Zweibrücken is it barokke slot (1720-1730) it besjen wurdich. It eardere residinsjeslot fan 'e hartogen fan Zweibrücken waard yn 'e Twadde Wrâldkriich ferneatige, mar yn 1965 wer opboud. De saneamde Herzogvorstadt bestiet út ferskillende barokke gebouwen dy't yn 'e jierren 1762–1772 boud waarden. It hiele kompleks giet op ûntwerpen fan Christian Ludwig Hautt werom en waard yn 'e Twadde Wrâldkriich sparre foar ferneatiging. De gebouwen wurde tsjintwurdich troch de oerheid en it Stadtmuseum brûkt.
De âldste tsjerke fan Zweibrücken is de letgoatyske, protestantske Alexanderskirche (1493). Oare wichtige binnenstedstsjerken binne de Karlskirche (1708-1711), dy't yn opdracht fan kening Karel XII fan Sweden boud waard, en de nei de Twadde Wrâldkriich yn oare foarm werboude roomsk-katolike Heilig Kreuz Kirche.
Parken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd telt in pear grutte parken.
- De Rosengarten is ien fan 'e grutste parken fan Europa en telt mear as 60.000 roazeplanten fan 2.000 ferskillende soarten.
- Yn 1974-1976 waard yn Zweibrücken op 'e grûn fan it eardere lustslot fan 'e Poalske kening Stanislaus Leszczynski in park foar wylde soarten roazen oanlein. De beide parken binne mei in paad meiïnoar ferbûn, de Rosenweg.
- De Fasanengarten waard nei 1740 yn opdracht fan hartoch Kristiaan IV oanlein. It park, ien fan 'e grutste barokke parken noardlik fan 'e Alpen, wurdt noch fierder restaurearre.
![]() |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Zweibrücken fan Wikimedia Commons. |
![]() |
Rynlân-Palts | ![]() |
---|---|---|
Regierungsbezirke | ||
Landkreise Ahrweiler - Altenkirchen - Alzey-Worms - Bad Dürkheim - Bad Kreuznach - Bernkastel-Wittlich - Birkenfeld - Cochem-Zell - Donnersbergkreis - Eifelkreis Bitburg-Prüm - Germersheim - Kaiserslautern - Kusel - Mainz-Bingen - Mayen-Koblenz - Neuwied - Rhein-Hunsrück-Kreis - Rhein-Lahn-Kreis - Rhein-Pfalz-Kreis - Südliche Weinstraße - Südwestpfalz - Trier-Saarburg - Vulkaneifel - Westerwaldkreis | ||
Kreisfreie Städte Frankenthal - Kaiserslautern - Koblenz - Landau - Ludwigshafen - Mainz - Neustadt (Weinstraße) - Pirmasens - Spiers - Trier - Worms - Zweibrücken | ||
![]() ![]() ![]() |