Springe nei ynhâld

Pirmasens

Ut Wikipedy
Pirmasens
Schlossbrunnen
Schlossbrunnen
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
Sifers
Ynwennertal 40.941 (31.12.2023)
Oerflak 61.35 km²
Befolkingsticht. 667 ynw./km²
Hichte 387 m
Oar
Postkoade 66953-66955
Koördinaten 49° 11' N 7° 36' E
Offisjele webside
www.pirmasens.de
Kaart
Pirmasens (Rynlân-Palts)
Pirmasens

Pirmasens is in Kreisfreie Stadt yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. De stêd leit oan 'e westlike râne fan it Paltserwâld, net fier fan de grins mei Frankryk. De lânkring dy't Pirmasens omslút droech fan 1818 oant 1997 de namme fan 'e stêd, mar hjit tsjintwurdich Südwestpfalz.

De namme fan 'e stêd giet werom op 'e hillige Pirminius, dy't it kleaster yn it oanbuorjende Hornbach stifte.

Sûnt de 19e florearre de stêd troch de fabrikaazje fan skuon, mar hjoeddedei heart de stêd by de ekonomysk swakkere regio's fan Dútslân.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard de stêd foar it earst op 9 augustus 1944 troch allieare loftoanfallen rekke. It oarspronklike doel fan 'e oanfal, wêrby't in soad boargers it libben lieten, wiene de stêden Stuttgart en München. Om't it waar lykwols net meiwurke moast dat bysteld wurde en sa waard Pirmasens it slachtoffer. Mei in folgjend bombardemint op 15 maart 1945 waard de binnenstêd hielendal ferneatige. Ien wike letter, op 22 maart 1945, namen Amerikaanske troepen de stêd yn.

De oanwêzigens fan Amerikaanske troepen yn Pirmasens waard oant 1997 hast hielendal ôfboud.

Berne yn Pirmasens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]



Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Primasens fan Wikimedia Commons.
Rynlân-Palts Flagge fan Rynlân-Palts
Regierungsbezirke

Koblenz - Trier - Rynhessen-Palts

Landkreise

Ahrweiler - Altenkirchen - Alzey-Worms - Bad Dürkheim - Bad Kreuznach - Bernkastel-Wittlich - Birkenfeld - Cochem-Zell - Donnersbergkreis - Eifelkreis Bitburg-Prüm - Germersheim - Kaiserslautern - Kusel - Mainz-Bingen - Mayen-Koblenz - Neuwied - Rhein-Hunsrück-Kreis - Rhein-Lahn-Kreis - Rhein-Pfalz-Kreis - Südliche Weinstraße - Südwestpfalz - Trier-Saarburg - Vulkaneifel - Westerwaldkreis

Kreisfreie Städte

Frankenthal - Kaiserslautern - Koblenz - Landau - Ludwigshafen - Mainz - Neustadt (Weinstraße) - Pirmasens - Spiers - Trier - Worms - Zweibrücken

· · Berjocht bewurkje