Ortsbezirk
Ortsbezirke binne ûnderferdielings fan in gemeente yn 'e Dútske dielsteaten Hessen en Rynlân-Palts. Gemeenten hawwe de mooglikheid harren hiele gebiet op te dielen yn Ortsbezirke of allinne in diel dêrfan.
In Ortbezirk hat in Ortsbeirat (in ried fan it plak), dy't troch in Ortsvorsteher foarsitten wurdt. It tal leden fan sa'n Ortsbeirat is yn 'e gemeenteried bepaald.
Hessen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Hessen hat in Ortsbeirat 3 oant 9 leden, gruttere Ortsbezirke hawwe oant 19 leden. De Ortsbeirat wurdt tagelyk mei de gemeenteried keazen. De Ortsbeirat kiest dêrnei in Ortsvorsteher út harren fermidden.
Rynlân-Palts
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In Ortsbeirat yn 'e dielsteat Rynlân-Palts hat los fan it ynwennertal 3 oant 15 leden, dy't tagelyk mei de gemeenteried troch de ynwenners fan in Ortsbezirk keazen wurdt. De Ortsvorsteher wurdt direkt keazen, mar kin by útsûnderingen yn in publike sitting keazen wurde troch de Ortsbeirat.