Main

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Rin fan de Main mei sydrivieren
De Main yn Frankfurt
Utmûning fan de Main yn de Ryn

De Main is in rivier yn Dútslân dy't fan east nei west troch Noard-Beieren (Franken) en de Ryn-Main-Krite streamt. De rivier mûnet by Mainz yn de Ryn út en is 524 km lang (574 km, at de langste boarnerivier meirekkene wurdt).

De Main ûnstiet bit stedsje Kûlmbach út de gearrin fan de Reade Main (Roter Main) en de Wite Main (Weißer Main), dy't efterelkoar 50 en 41 kilometer lang binne. De Reade Main komt fan links en ûntspringt yn de Fränkische Alb en de Wite Main har boarne is yn it Fichtelberchtme. De grutste sydrivieren fan de Main binne dêrnei de Regnitz, de Frankyske Saale, de Tauber en de Nidda.

By Bamberg is it Main-Donaukanaal in keunstmjittige ferbining mei de Donau. It kanaal gie yn 1992 iepen en mûnet mei de Regnitz by Bamberg yn de Main út.

It trochsneed debyt by de mûning is 225 m³/s, wêrme't de Main nei de Aare en Mûzel de grutste wetteroanfierder fan de Ryn is.

Befarberens[bewurkje seksje | edit source]

De Main is befarber fan Mainz oant Bamberg, dat is 396 km. Sûnt 1992 is de Main mei de Donau ferbûn troch it Ryn-Main-Donaukanaal en de Altmühl. De lêste is kanalisearre en hat 34 sluzen wêrtroch't CEMT klasse V fartugen de totale langte fan de rivier befarre kinne. De 16 sluzen yn it Ryn-Main-Donaukanaal binne fan deselde grutte, dat ek befarber foar dy skipklasse.

Stêden oan de Main[bewurkje seksje | edit source]

De igge wurdt oantsjut mei is (links of rjochts); at in stêd op beide iggen leit wurdt earst de igge mei sintrum oanjûn.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]