Springe nei ynhâld

Landau in der Pfalz

Ut Wikipedy
Landau in der Pfalz
Flagge Wapen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Rynlân-Palts
Sifers
Ynwennertal 44.465 (31-12-2014)
Oerflak 70,65 km²
Befolkingstichtens 536 /km²
Hichte 142 m. boppe seenivo
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside www.landau.de

Landau in der Pfalz (yn it lokale dialekt: Landaach) is in kreisfreie Stadt en it bestjoerssintrum fan it Landkreis Südliche Weinstraße yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Kwa oerflak is Landau mei 82,94 km² de tredgrutste stêd fan de Palts, nei Kaiserslautern en Neustadt an der Weinstraße. As der ek rekken holden wurdt mei it ynwennertal dan moat Landau ek de stêden Speyer en Ludwigshafen am Rhein noch foar gean litte. De stêd leit oan de Dútske wynrûte eastlik fan it Paltserwâld, it grutste oaniensletten bosk fan Jeropa.

Sûnt 1990 is Landau in universiteitsstêd.

Yn de Twadde Wrâldkriich hearde de stêd tegearre mei Mannheim mei syn foar de oarlochsfiering wichtige yndustry ta de meast bombardearre plakken fan Súd-Dútslân. Mear dan 80% fan de binnenstêd waard troch de 124 bombardeminten op stêdekloft ferwoastge. Njonken de befolking fan de stêd hiene ek de likernôch 50.000 bûtenlânske twangarbeiders swier te lijen fan it oarlochsgeweld.

Fan de midsiuwen ôf wennen der joaden yn Landau, dy't yn 'e Palts benammen yn de wynhannel warber wiene en de grutste joadske mienskip fan 'e Palts foarmen. De measten fan de likernôch 600 minsken tellende joadske mienskip ferlieten Landau al yn 1933. De joaden dy't bleanen waarden yn 1940 nei Gurs yn Súd-Frankryk ôffierd. Harren monumintale synagoge op de hoeke fan de Friedrich-Ebert-Straße/Reiterstraße út de jierren 1880-1882 waard op 9 novimber 1938 yn 'e jiske lein. Yn de Kaufmannsgassestiet it Frank-Loebsche-Haus, dat yn de 19e iuw troch Zacharias Frank, de oerpake fan Anne Frank, kocht waard en yn de oarloch troch de nazy's as joadehûs oanwiisd waard. It Frank-Loebsche-Haus jout tsjintwurdich ûnderdak oan in útstalling oer de joadske skiednis fan Landau en de ferfolging fan de Paltser Sinty.[1]

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De âlste dielen fan it Altes Kaufhaus oan it Rathausplatz datearje út de 15e iuw.
  • It teater oan de Mahlastraße is in monumint yn de Jugendstil út de jierren 1905-1907 fan de arsjitekt Hermann Goerke.
  • De protestânske Stiftskirche is de grutste goatyske tsjerke fan de Palts en waard yn de 14e iuw boud. Yn de tsjerke binne fresko's bewarre bleaun.
  • De katolike Stadtpfarrkirche St. Maria út 1908-1910 mei dûbele tuorren waard yn katedrale styl boud en is mei de Gedächtniskirche fan Speyer it tredgrutste tsjerkegebou yn de Palts.
  • De midsiuwske Katharinenkapelle wurdt hjoeddedei troch âldkatoliken en in ûnôfhinklike protestânske mienskip brûkt.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Rynlân-Palts Flagge fan Rynlân-Palts
Regierungsbezirke

Koblenz - Trier - Rynhessen-Palts

Landkreise

Ahrweiler - Altenkirchen - Alzey-Worms - Bad Dürkheim - Bad Kreuznach - Bernkastel-Wittlich - Birkenfeld - Cochem-Zell - Donnersbergkreis - Eifelkreis Bitburg-Prüm - Germersheim - Kaiserslautern - Kusel - Mainz-Bingen - Mayen-Koblenz - Neuwied - Rhein-Hunsrück-Kreis - Rhein-Lahn-Kreis - Rhein-Pfalz-Kreis - Südliche Weinstraße - Südwestpfalz - Trier-Saarburg - Vulkaneifel - Westerwaldkreis

Kreisfreie Städte

Frankenthal - Kaiserslautern - Koblenz - Landau - Ludwigshafen - Mainz - Neustadt (Weinstraße) - Pirmasens - Spiers - Trier - Worms - Zweibrücken

· · Berjocht bewurkje

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]