Philipp Melanchthon
Philipp Melanchthon | ||
Philipp Melanchthon neffens in portret fan Hans Holbein de Jonge. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Hillige Roomske Ryk | |
berne | 16 febrewaris 1497 | |
berteplak | Bretten | |
stoarn | 19 april 1560 | |
stjerplak | Wittenberg | |
wurkpaad | ||
berop/amt | teolooch, filolooch, wiisgear, ûnderwizer en dichter |
Philipp Melanchthon (eins: Philipp Schwartzerdt; berne 16 febrewaris 1497 yn Bretten, Dútslân; ferstoarn 19 april 1560 yn Wittenberg) wie in teolooch, filolooch, wiisgear, humanist, ûnderwizer en dichter. Mei Marten Luther wie er as herfoarmer in driuwende krêft fan 'e reformaasje en stifter fan 'e luterske konfesje.
Melanchthon's biedwurd wie As God foar ús is, wa sil dan tsjin ús wêze (Romeinen 8:31). De reformator draacht de earetitel Praeceptor Germaniae (learaar fan Dútslân).
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Melanchthon waard op 16 febrewaris 1497 berne as Philipp Schwartzerdt yn Bretten, net fier fan Karlsruhe ôf. Doe't Frânske troepen yn 'e Njoggenjierrige Kriich brânskattend troch it lân teagen, baarnde yn syn bertehûs mei de rest fan Bretten ôf. It hjoeddeiske Melanchthon-hûs waard yn 1897 op it âlde berteplak boud.
Syn âlden stjoerden him yn 1507 nei de Latynske skoalle fan Pforzheim, dêr't hy yn 'e kunde kaam mei de Latynske en Grykske dichters en Aristoteles. Dêr rekke er al yn 'e kunde mei de fernijende wurken fan 'e teolooch Jakob Wimpfeling en Erasmus fan Rotterdam.
As tolvejierrige jonge gyng er yn 1509 nei Heidelberg om te learen en dêrnei yn 1512 nei Tübingen, dêr't er rekkenkunde, geometry, muzyk en astronomy studearre. Nei it heljen fan syn doktoraal yn 1516, sette er útein mei in stúdzje teology en begûn er te publisearjen.
Yn 1518 waard Melenachthon heechleraar Gryksk oan 'e universiteit fan Wittenberg, dêr't er yn 1519 ek les joech oan 'e teologyske fakulteit. Op 25 novimber troude er mei de dochter fan 'e boargemaster fan Wittenberg, Katharina Krapp.
Fan grut belang foar de reformaasje wie Melanchton's Loci communes rerum theologicarum seu hypotyposes theologicae (1521), in útiensetting fan 'e grûnbegjinsels fan 'e protestantske tsjerke, dy't it begjin foarme fan 'e luterske skolastike tradysje. Yn syn Unterricht der Visitatorn an die Pfarherrn im Kurfürstentum zu Sachssen (1528) lei Melanchthon de protestânske ferlossingslear en de oardening foar skoallen en tsjerken út. Melanchthon skreau ek de Confessio Augustana, dy't op 25 juny op 'e Ryksdei fan Augsburg yn bywêzen fan keizer Karel V foarlêzen waard.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Melanchthon stie ûnder ynfloed fan syn âld-omke Johann Reuchlin, in humanist en broer fan syn beppe fan memmekant. Dizze âld-omke stelde út de famyljenamme Schwartzerdt (letterlik "swarte ierde") te fergrykskjen, eat dat yn dy tiid ûnder humanisten wizânsje wie. Sa naam er de namme Melanchthon (Μελάγχθων) oan.
Dea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Melanchthon hie in net sa sterke natuer en joech mei syn dimmene lûd in swakke yndruk. Dêr foar oer stie syn grutte warberens en yn ûnderhannelings koe Melanchthon tige stûf wêze. Syn hurde wurkjen lykwols soarge der foar dat er al yn syn jonkheid min de sliep krije koe en dat er boppedat in útbalansearre dieet nedich hie.
Doe't hy op in reis nei Leipzig kjeld skipe en op 4 april 1560 werom kaam, krige er yn 'e nacht fan 7 nei 8 april koarts. De koarts kaam mei tuskenskoften hieltiten werom en makke him jimmeroan swakker. Op 11 en 12 april joech er foar de lêste kear lêzings, de lêzing fan 14 april koe net gjin trochgong mear fine. Op 19 april kamen syn dochter en syn skoansoan, dy't him fersoargen, tegearre mei syn freon Joachim Camerarius by him om foar de lêste kear te weitsjen, wylst studinten foar it hûs fan harren professor bidden. Tsjin 19:00 oer ferstoar de reformator.
Melanchthon waard neitiid nei in tsjinst njonken syn meistrider Marten Luther yn 'e Slotkapel fan Wittenberg te rêste lein.
-
Melanchthon-hûs yn Bretten.
-
Loci Commune (edysje út 1521).
-
Melanchthon-hûs yn Wittenberg.
-
Melanchthonkeamer yn it Melanchthon-hûs yn Wittenberg.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (dú) Side fan Melanchthon
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Philipp Melanchthon fan Wikimedia Commons. |