Hans Holbein de Jonge

Ut Wikipedy
Hans Holbein de Jonge, selsportret, 1542-1543
De húshâlding fan Holbein (frou Elsbeth mei beide bern: Philipp en Katherina), om 1528

Hans Holbein de Jonge (Augsburg, 1497/98Londen, 29 novimber 1543) wie in keunstskilder dy't yn de styl fan de Noardlike renêssânse wurke. Holbein waard berne yn in famylje fan keunstskilders; ûnder oaren sy heit, Hans Holbein de Alde (om 1465-1524) en syn omke Sigismund Holbein (stoarn yn 1540) wiene skilders.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Holbein learde it fak fan syn heit. Hy ferhuze mei syn broer Ambrosius Holbein nei Bazel dêr't er al yn 1519 lid waard fan it skildersgilde. Hy moete in protte gelearden, ûnder oaren de Nederlânske humanist Erasmus, dy't ek yn Bazel wenne. Holbein makke pintekeningen yn de marzje fan in útjefte fan Erasmus' De Lof fan de Healwizens, dy't yn 1515 troch de drukker Froben yn Bazel útjûn wie.[1] Yn 1523 portrettearre Holbein syn freon Erasmus. Ek moete er dêr de drukker Johann Amerbach.

Yn 1519 boaske Holbein oan Elsbeth Binzenstock, by wa't er fjouwer bern krige, twa dochters - Katharina en Küngold - en twa soannen - Philip en Jakob. Under syn ferbliuw yn Ingelân brocht Holbein syn húshâlding lykwol mar ien besite. Ut it testamint fan Holbein blykt dat er yn Londen twa bûtenechtlike bern oanset hie.

De kantline-yllustraasjes dy't Holbein makke yn in eksemplaar fan De Lof fan de Healwizens út 1515 foar de humanistyske ûnderwizer Oswald Geisshüsler (ek bekend as Myconius of Molitor) wiene net foar publikaasje ornearre; earst fan 1676 ôf binne syn etsen en gravueres nei dizze tekeningen as boekyllustraasje brûkt. Holbein yllustrearre wol oare boeken. Hy levere ûnder mear in bydrage oan de Bibelfertaling fan Maarten Luther. Ek hat er brânskildere ramen ûntwurpen. Holbein waard lykwols it meast ferneamd fan syn portretten.

De ûnrêst dy't de reformaasje meibrocht makke it dreech foar Holbein om as keunstner yn Bazel troch de tiid te kommen. Holbein, dy't yn 't earstoan fral religieusk wurk makke, krige lang sa folle opdrachten fan de Roomsk-Katolike Tsjerke net mear yn dy perioade. Dêrom reizge er oer Antwerpen (dêr't er de stedsklerk Pieter Gillis besocht) nei Londen. Dêr kaam er troch de oanrekkomindaasje fan Erasmus yn kontakt mei Thomas More. Earder reizge Holbein ek al nei Frankryk en Italië.

Om 1530 skildere er in rige portretten fan keaplju út de Stalhof (Steelyard), in hânzekantoar yn Londen. Dit wie sa'n grut súkses dat der twa skilderijen foar de hal bestelde, Triumphzug des Reichtums en Triumphzug der Armut. Beide giene by in brân ferlern, mar kopyen hingje yn it Ashmolean Museum yn Oxford. De keaplju stjoerden dy skilderijen faak nei famylje yn Dútslân.

Thomas More yntrodusearre Holbein oan it Ingelske hof. Koarte tiid gie Holbein werom nei Bazel. Hy naam dêr it herfoarme leauwe oan, mar makke ek in byldestoarm en in boargeroarloch mei. Holbein gie werom nei Ingelân, dêr't er yn 1536 beneamd waard ta hofskilder fan Hindrik VIII, hoewol't syn beskermer Thomas More ûnderwilens yn ûngenede rekke wie. Hy skildere oan it hof net allinne portretten fan de kening, syn keninginne Jane Seymour (om 1536) en in protte begoedige hoflingen, mar ûntwurp teffens staasjeklean foar de kening.

Nei't de meast favorite frou fan Hindrik VIII, Jane Seymour, stoarn wie, skildere Holbein Anna fan Kleef (1515-1557) yn de ûnderhannelingstiid foar in nij houlik fan de kening. Dat wie in wenstige praktyk yn de iuwen foar de útfining fan de fotografy. Nei't it houlik sletten wie, fûn de kening it portret fiersten te flatteus útfierd.

Holbein stoar yn 1543 oan de pest.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Hans Holbein the Younger


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Erasmus, Desiderius. De Lof der Zotheid. Amsterdam: Maatschappij voor goede en goedkoope lectuur. Uit de toelichting door A.H. Kan.