Njoggenjierrige Oarloch

Ut Wikipedy
Ryn kampanje 1688–89. Frânske ienheden stekke de Ryn by Strasbourg oer op wei nei Philippsburg – op 27 septimber 1688.

De Njoggenjierrige Oarloch of Njoggenjierrige Kriich duorre fan 1688 oant 1697 en waard yn Jeropa fierd troch Loadewyk XIV fan Frankryk tsjin de Nederlânske Republyk, Eastenryk, Ingelân, Spanje en Savoye om de Frânske hegemony yn Jeropa.

Yn 1688 foel Frankryk Dútslân oan en dat joech Willem III de gelegenheid mei syn al earder betochte ekspedysje nei Ingelân útein te setten. Loadewyk XIV besiket om de troch Willem III ferdreaune Jakobus II wer op de troan te krijen, mar dat mislearret troch nederlagen yn de slach oan de Boyne (1690) en yn de seeslach by La Hogue (1692).

It leger fan de Frânske kening hellet lykwols wol oerwinnings op it Jeropeesk kontinint (Fleurus, ferovering fan Namen, slach by Neerwinde). Doe't de Spaanske súksesjekwestje oan de oarder kaam slagge it de Frânske diplomasy earst frede te sluten mei de seemogendheden en dêrnei ek mei de oare bûnsmaten. Yn oktober 1697 waard de Frede fan Ryswyk sletten dy't foar alle partijen gjin beslissend foardiel opsmiet. Neffens it Barriêreferdrach mocht de Republyk garnisoenen legerje yn in rige stêden yn de Spaanske Nederlannen, lykas te Nijpoarte en Koartryk, dy't dêrom barriêrestêden neamd wurde.

Troch net ien fan de partijen waarden de fredesbetingsten as foarfêst sjoen. Frankryk bleau de grutste mogendheid fan Jeropa en bleau in rivaal foar de Dútske keizer by syn oanspraken op de Spaanske troan, dy't al gau fakant wurde soe as Karel II fan Spanje sûnder neiteam stjerre soe. De noch bluodderigere Spaanske Suksesje-oarloch liet dan ek net lang op him wachtsje.