Springe nei ynhâld

Flensburch

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Flinsboarch)
Flensburch
Haven
Haven
Emblemen
               
Polityk
Lân Dútslân
dielsteat Sleeswyk-Holstein
Stedsyndieling 13 Stadtteile
Sifers
Ynwennertal 92.550 (2022)
Oerflak 56,73 km2
Befolkingsticht. 1.631 ynw./km²
Hichte 12 m.
Oar
Postkoade 24937–24944
Koördinaten 54° 46' N 9° 26' E
Offisjele webside
www.flensburg.de
Kaart
Flensburch (Sleeswyk-Holstein)
Flensburch

Flensburch (Dútsk en offisjeel: Flensburg; Deensk: Flensborg; Noardfrysk: Flansborj) is in stêdskrite yn de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. Der wenje sa'n 92.550 (2022) minsken, en it is de tredde grutste stêd yn Sleeswyk Holstein.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd waard stichte yn de 13e iuw en koe him earst goed ûntjaan nei it útinoar fallen fan it Hânze-ymperium. Tusken 1460 en 1864 wie it ien fan de meast wichtige havens fan Denemark. Yn de Twadde Dútsk-Deenske Oarloch fan 1864 waard de stad ferovere troch Prusen. Yn 1867, by de ferkiezings foar de Noard-Dútske Ryksdei, liet de stêd in Deenske mearheid sjen. Oant it lêste diel fan de 19e iuw wie Flensburch noch de grutste stêd fan Sleeswyk-Holstein, grutter as Kiel. Yn 1920, nei de ein fan de Earste Wrâldkriich, waard in referindum holden oer de takomstige yndieling fan it eardere Hartochdom Sleeswyk. Yn Flensburch stimde 75% fan de ynwenners foar Dútslân, dêrmei waard de grins benoarden de stêd fêstlein.

Flensburch wie de lêste dagen fan de Twadde Wrâldkriich de sit fan it Dútske regear; sjoch ek Flensburchregear.

Taal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wylst it Súdjutlânsk, in fariant fan it Deensk, yn 'e 14e iuw noch de wichtichste taal yn Flensburch wie, makke it Nederdútsk yn 'e 15e iuw opgong. Letter mei de reformaasje beynfloede it Standerdútsk de taal yn Flensburch.

Oant de dei fan hjoed wurdt it Heechdútske dialekt, dat yn Flensburch praat wurdt, troch in Nederdútsk aksint kleurd, dat opfalt troch de toanhichte en de meldije.

Sûnt 2008 hat Flensburch twatalige kombuorden.

De Deenske taal is yn 'e stêd Flensburch lykwols belangriker as it Nederdútsk en net allinne as it identiteitsfoarmjende skaaimerk fan 'e Deenske minderheid. Op Dútske skoallen wurde Deenske lessen as selsstannich skoalfak oanbean, meastentiids as twadde of tredde frjemde taal nei it Ingelsk. It is boppedat op 'e skoallen en pjutteboatersplakken fan 'e Deenske Skoalferiening foar Súd-Sleeswyk de taal weryn it ûnderwiis jûn wurdt. De Dútske taal beynfloede it yn Flensburch learde Standerdeensk, sadat dêr fral de Standerdeenske fariëteit Súdsleeswykdeensk praat wurdt.

Fan de út Noardfryslân nei Flensburch migrearre Friezen prate hjoed-de-dei noch mar in pear it Noardfrysk. It mei moin moin begroetsjen yn Flensburch soe mooglik Nederdútske en Eastfryske woartels ha.

Flensburch

Stedsdielen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Altstadt
  • Engelsby
  • Friesischer Berg
  • Fruerlund
  • Jürgensby
  • Mürwik
  • Neustadt
  • Nordstadt
  • Sandberg
  • Südstadt
  • Tarup
  • Weiche
  • Westliche Höhe

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Befolkingsûntwikkeling fan Flensburch

Trivia[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Yn Flensburch waard yn 1962 troch Beate Uhse de earste sekssjop yn de wrâld iepene.
  • Yn en om de stêd binne in protte grinswinkels dy't harren rjochtsje op Deenske klanten, mar somtiden ek wol omtinken hawwe foar klanten út oare Skandinavyske lannen. Guon produkten, benammen alkoholyske dranken, binne yn Dútslân nammentlik goedkeaper as yn Denemark, hoewol't it priisferskil lytser wurden is neffens earder.
 
Sleeswyk-Holstein
Flagge fan Sleeswyk-Holstein
Landkreise

Dithmarschen - Herzogtum Lauenburg - Noard-Fryslân - Ostholstein - Pinneberg - Plön - Rendsburg-Eckernförde - Sleeswyk-Flensburch - Segeberg - Steinburg - Stromarn

Kreisfreie Städte
Flensburch - Kiel - Lübeck - Neumünster