Noardfrysk Ynstitút

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Noardfrysk Ynstitút
Nordfriisk Instituut
Nfi logo.jpg
algemiene ynformaasje
ôfkoarting NFI
nasjonaliteit Flag of Germany.svg Dútsk
type org. stifting
wurkmêd Noardfryske taal en kultuer
fêstige yn Bredstedt (Sleeswyk-Holstein)
off. taal Noardfrysk, Dútsk
oprjochte 1965
fuortk. út Verein Nordfriesischer Institut
wurknimmers 12 (2014)
aktyf yn Noard-Fryslân
offisjele webside
www.nordfriiskinstituut.de

It Noardfrysk Ynstitút (Noardfrysk: Nordfriisk Instituut) is it algemiene wittenskiplik sintrum en de taalakademy fan it Noardfryske taalgebiet yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. Dizze organisaasje docht ûndersyk nei de taal, kultuer en skiednis fan Noard-Fryslân. Hoewol't it Noardfrysk Ynstitút him benammen dwaande hâldt mei de Noardfryske taal, skinkt it ek oandacht oan 'e oare taalfoarmen dy't yn Noard-Fryslân sprutsen wurde: it Nederdútsk, it Dútsk, it Deensk en it Súdjutske dialekt.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Noardfrysk Ynstitút waard yn 1965 oprjochte, en is fêstige yn Bredstedt (Noardfrysk: Bräist), dêr't it oarspronklik in pân oan 'e Osterstraße besette, mar yn 1990 ferhuze nei de eardere Volksschule oan 'e Süderstraße 30. De ynstelling wurdt bestjoerd troch de Verein Nordfriesischer Institut ("Feriening fan it Noardfryske Ynstitút"), dy't likernôch 860 leden hat en al bestiet sûnt 1948. Lange tiid stie de Sweedske taalkundige Nils Århammar oan it haad fan it Noardfrysk Ynstitút, mar yn 1992 waard dyselde ôflost troch Thomas Steensen.

It gebou fan it Noardfrysk Ynstitút oan 'e Süderstraße yn Bredstedt.

Yn 2011 joech it Noardfrysk Ynstitút in kanon fan de Noardfryske kultuer út, mei de titel Heimat Nordfriesland: Ein Kanon Friesischer Kultur. Foar it boek wie in protte ûndersyk ferrjochte, en ek wie der ûnder de Noardfriezen in grutte enkête ôfnommen.[1]

Aktiviteiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Noardfrysk Ynstitút hat in eigen bibleteek en argyf fan 15.000 boeken en 70.000 artikels, wêryn't benammen Noardfrysktalige wurken sammele binne, hoewol't ek Nederdútske, Dútske en Deenske teksten byinoarfandele binne dy't oer Noard-Fryslân geane. Jiers wurde dêr sa'n 500 nije publikaasjes oan tafoege. Fierders hat it Noardfrysk Ynstitút de Jan Tjittes Piebenga-bibleteek yn besit, wat de grutste samling Westerlauwersk-Frysktalige teksten bûten Nederlân is.

It Ynstitút fersoarget fierders ek kursussen, kolleezjes, konferinsjes en lêzings en jout boeken, tydskriften en brosjueres út op eigen kosten of yn gearwurking mei oare útjouwerijen. It ynstitút wurdt finansjeel stipe troch de dielsteat Sleeswyk-Holstein, de Kreis Noard-Fryslân, de stêd Bredstedt en Sydslesvigsk Forening ("Súdsleeswykske Feriening"), de kulturele organisaasje fan 'e Deenske minderheid yn Dútslân. Ek wurdt der sels wat jild binnenbrocht mei de eigen útjeften.

Boppedat hat it Noardfrysk Ynstitút – fia de Verein Nordfriesischer Institut – yn 'e mande mei de Noardfryske Feriening, de Friisk Foriining, de Heimatbund Landschaft Eiderstedt en de gemeente Hilgelân sitting yn 'e Noardfryske Ried (Noardfrysk: Frasche Redj of Freeske Räid). Dat is in organisaasje dy't him ynset foar it behâld fan 'e Noardfryske taal, kontakten mei oare minderheden yn Dútslân ûnderhâldt en dy't de Noardfryske seksje fan 'e Grutfryske Ried foarmet.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1] "Kanon fan de Noardfryske kultuer" www.itnijs.nl, 12 maaie 2011.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise, op dizze side.