Niebüll

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Niebüll
Niebüll.JPG
Sifers
Ynwennertal 9.315 (2010)
Oerflak 30,63 km²
Befolkingstichtens 304 / km²
Hichte 3 m
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Sleeswyk-Holstein
Distrikt Noard-Fryslân
Oar
Tiidsône CET/CEST (UTC+1/+2)
Webside www.niebuell.de
Lizzing Niebüll yn Noard-Fryslân

Niebüll (Deensk: Nibøl, Noard-Frysk: Naibel) is in stêd yn it distrikt Noard-Fryslân yn de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein.

Ynterieur fan de tsjerke

It plak waard al yn 1436 neamd, mar bleau iuwenlang net folle mear as in doarp. Earst doe't it eilân Sylt opgong makke as toeristensintrum ûntjoech Niebüll har, mei troch it spoarstasjon, ta in regionaal sintrum. Omdat auto's de Hindenburgdaam, dy't Sylt mei it fêstelân ferbynt, net opmeie, moatte minsken dy't har auto meinimme wolle nei Sylt dy op stasjon Niebüll op de trein sette. Yn 1960 krige Niebüll stedsrjochten. De 18e-iuwske tsjerke hat noch in benei oarpronklik ynterieur út de boutiid.

Susterstêden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berne yn Niebüll[bewurkje seksje | boarne bewurkje]