Malmesbury

Ut Wikipedy
Malmesbury
Polityk
Lân Ingelân
regio Súdwest-Ingelân
greefskip Wiltshire
Sifers
Ynwennertal 5.969 (2021)
Oar
Postkoade SN16
Koördinaten 51° 35' N 2° 5' WE
Offisjele webside
www.malmesbury.gov.uk
Kaart
Malmesbury (Ingelân)
Malmesbury

Malmesbury is in stêd yn it greefskip Wiltshire yn Ingelân. De stêd leit oan 'e rivier de Avon.

Malmesbury is de âldste Borough fan Ingelân en is fanwegen de út 'e 12e iuw datearjende abdij bekend. It kleaster sels is lykwols âlder, want kening Æthelstan († 939) waard dêr begroeven.

In grut part fan de abdij is bewarre bleaun, alhoewol't brân en Hindrik VIII fan Ingelân dielen ferneatigen. Ien fan 'e bekendste muontsen út de midsiuwen wie de histoarikus Willem fan Malmesbury en de muonts Eilmer fan Malmesbury, oan wa't de earste sweefflucht yn 'e 11e iuw taskreaun wurdt.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Malmesbury, Wiltshire fan Wikimedia Commons.