Springe nei ynhâld

Abdij fan Malmesbury

Ut Wikipedy
Abdij fan Malmesbury
Lokaasje
lân
plak Malmesbury
koördinaten 51° 35' N 2° 5' W
Kleastergegevens
denominaasje Tsjerke fan Ingelân; oant 1539 Roomsk-Katolike Tsjerke
oprjochting ± 676
oprjochter Adelmus
opheffing 1539
patroanhillige Petrus en Paulus
Ynformaasje bou
hjoeddeiske funksje Parochytsjerke
boujier 12e iuw
monumintale status Grade I listed building
Webside
malmesburyabbey.com
Kaart
Abdij fan Malmesbury (Ingelân)
Abdij fan Malmesbury

De abdij fan Malmesbury (Ingelsk: Malmesbury Abbey) wie oant de Ingelske reformaasje yn 1539 in abdij yn 'e stêd Malmesbury yn it greefskip Wiltshire. De abdijtsjerke wurdt hjoed-de-dei brûkt as Anglikaanske parochytsjerke.

De lokaasje fan 'e abdij waard yn it lêste fearn fan 'e 7e iuw keazen troch de Ierske muonts Máel Dub, dy't dêr syn klús hie en de bern dêr ûnderwiisde. Tsjin 'e ein fan syn libben waard it gebiet troch de Saksen oermastere. De abdij waard om 676 hinne as benediktynsk kleaster troch de hillige Adelmus stifte, dy't besibbe wie oan it keninklik hûs fan Wesseks. Om 'e abdij groeide de stêd Malmesbury.

Yn 'e abdij waard kening Atelstan fan Ingelân yn in tombe byset. De tombe is noch jimmeroan oanwêzich, mar de resten fan 'e kening binne nei alle gedachten by de ynfiering fan 'e reformaasje ferlern gien.

De abdijtsjerke mei foar 1500.

De bou fan 'e abdij waard yn 1180 foar it measte foltôge. Om 1500 hinne stoarte de 131 meter hege toer by in stoarm yn. Ek grutte dielen fan 'e tsjerke waarden doe ferneatig, lykas it dwersskip en twatredde fan it skip. Healwei de 16e iuw foel ek de westlike toer om en dêrby waarden de trije westlike traveeën ferneatige. Troch dy grutte rampen bleau mar de helte fan it oarspronklike gebou oer.

De abdij waard yn 1539 mei de reformaasje troch Hindrik VIII fan Ingelân sletten, doe't alle kleasters opheft waarden. Tegearre mei it lânbesit fan 93 km² waard de abdij ferkocht oan 'e rike keapman William Stumpe. Hy joech de tsjerke werom oan de stêd Malmesbury, dy't de tsjerke as parochytsjerke iepenstelde. Stumpe brûkte in oantal abdijgebouwen as weverij en brocht dêr in diel fan syn lekkenbedriuw ûnder.

Hjoed-de-dei is de abdij fan Malmesbury noch altiten in parochytsjerke yn it Anglikaanske bisdom Bristol. De abdij wurdt as in Grade I listed building beskerme.

Plattegrûn fan 'e abdij (1913).

In bekende muonts fan 'e abdij wie de 12e-iuwske kronykskriuwer Willem fan Malmesbury.

De abdij wie ek de lokaasje dêr't yn 'e 11e iuw de muonts Eilmer besocht te fleanen. Hy hie wjukken oan syn hannen en fuotten bûn en sprong fan ien fan 'e tuorren. Eilmer fleach 200 meter fier, foel doe op 'e grûn en briek beide skonken. Letter sei er dat de iennige reden dat er net fierder fleane koe, it ûntbrekken fan in sturt wie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: en:Malmesbury Abbey