Springe nei ynhâld

Eilmer fan Malmesbury

Ut Wikipedy
Eilmer op in glês-yn-leadrút yn de Abdij fan Malmesbury út 1920

Eilmer fan Malmesbury wie in Ingelske bendiktiner muonts út de 11e iuw dy't, neffens in ferslach yn de Gesta regum Anglorum ('Dieden fan de Ingelske Keningen'), fan syn muontsebroer en skiedkundige Willem fan Malmesbury (± 1080-1143), in sweefflecht fan 200 meter makke. Hy hat ek oer astrology skreaun.

Utsein Willems ferslach fan 'e flecht is der neat bewarre bleaun oer Eilmers wurk as muonts, hoewol 't syn astrologyske ferhannelingen noch oant yn 'e 16e iuw sirkulearren. [1]

Neffens it ferhaal fan Willem sprong Eilmer fan in toer mei wjukken oan syn earmen en skonken, mar bruts er beide skonken doe't er lâne, wat er taskreau oan it ûntbrekken fan in sturt. [2]

De technysk skiedkundige Lynn Townsend White tinkt dat it barren tusken 1000 tot 1010 wie op grûn fan de Wilhelm syn ynformaasje en beoardielet dy as autentyk.[3]

It ferslach oer de flecht fan Eilmer hat ferskate parallellen mei it ferslach oer Abbas ibn Furnas likernôch 200 jier earder.

Yn 2017 beskreau de Dútse skiedkundige Bernd Roeck Eilmer syn fleaneksperimint as 'in begjin' fan Europa's dêropfolgjende technologyske ûntwikkeling op grûn fan empirysk ûndersyk en wiisde er derop dat Eilmer tagong hân hawwe moat ta in goed folle biblioteek dêr't er âlde ideeën yn him opnaam. [4]

Neitins[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De School of Mechanical and Mining Engineering fan de Universiteit fan Queensland yn Brisbane, Australië, hat in Computational Fluid Dynamics simulaasjekoade de ûntwikkele mei de namme Eilmer4. [5] De koarte film "Eilmer the Flying Monk" ferhellet oer Eilmer's besykjen om Ikarus benei te kommen. [6]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Lynn Townsend White: Eilmer of Malmesbury, an Eleventh Century Aviator: A Case Study of Technological Innovation, Its Context and Tradition. Yn: Technology and Culture. Bân 2, 1961, nr. 2, s. 97–111, doi:10.2307/3101411.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Lyn White 1961, s. 98
  2. Lynn White 1961: 97–98.
  3. Lynn White 1961: 99.
  4. Bernd Roeck: Der Morgen der Welt. Geschichte der Renaissance. C. H. Beck, München 2017, s. 201.
  5. Jacob, Peter; Gollan, Rowan (3 jannewaris 2017). The user's guide to the Eilmer4 flow simulation program. Brisbane, Australia: School of Mechanical & Mining Engineering, The University of Queensland. siden 1–102.
  6. Eilmer the Flying Monk, British Films Directory of the British Council