Binse Albarda
Appearance
Binse Albarda (Sint-Anne, 30 augustus 1796 – Ljouwert, 11 juny 1862) wie in liberaal politikus en jurist út Ljouwert.
Albarda wie in rjochtsgelearde fan oansjen. Hy studearre oant 1819 Romeinsk en hjoeddeisk rjocht oan de Hegeskoalle fan Grins en promovearre dêr ek.
Yn 1840 en 1848 wie hy lid fan de Dûbelde Keamer fan de Steaten Generaal. Hy waard yn 1848 yn trije fan de fiif Fryske distrikten keazen as (liberaal) lid fan de Twadde Keamer. Ek yn 1854 wie hy lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân.
Albarda boaske yn 1820 met Eldina Alegonda Asselina Geertsema (1793-1837). It pear krige njoggen bern, dêrûnder wiene jurist en entomolooch Willem Albarda en jurist en ornitolooch Johan Herman Albarda (1826-1898).
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|