Johan Herman Albarda
Johan Herman Albarda (Ljouwert, 24 juny 1826 - dêre, 7 july 1898) wie in Nederlânske jurist, entomolooch en ornitolooch.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Albarda kaam út it juriste- en patrysjerslaach Albarda en wie in soan fan Twadde Keamerlid Binse Albarda (1796-1862) en Eldina Alegonda Asselina Geertsema (1793-1837). Hy boaske yn 1854 oan Elisabeth Catharina Wierdsma (1819-1895); it pear krige gjin bern.
Albarda waard nei syn stúdzje rjochten abbekaat en dêrnei yn 1853 substitút-offisier fan justysje yn it arrondissemint fan Ljouwert, itjinge er oant 1863 bleau. Hy wie teffens ornitolooch en entomolooch (spesjalisearre yn gaaswjukkige ynsekten (neuroptera). Hy wie in freon fan de Belgyske senator en natuerûndersiker baron Edmond de Selys Longchamps mei wa't er tusken 1875-1896 drok briefke. Hy beskreau teminsten fiif nije útstrûpersoarten en fjouwer nije libellesoarten yn de jierren 1874-1881. Twa ynsektesoarten waarden nei him ferneamd: de Nobilinus albardae (McLachlan, 1875) en de Sieboldius albardae (Selys, 1886), in útstrûper- en in libellesoarte.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Naamlijst der in de provincie Friesland in wilden staat waargenomen vogels. Leien, [1865].
- De grasrups. [Z.p.], 1865.
- Sur deux nouvelles espèces de trichoptères d'Europe. Ljouwert, [1874].
- Descriptions of three new European Ephemeridae. Entomologist's mon. Mag. 15: 128-130 [1878].
- Naamlijst der in de provincie Friesland in wilden staat waargenomen vogels, met vermelding van al de soorten, die in Nederland voorkomen. Ljouwert, 1884.
- Neuroptera. Systematische lijst, met beschrijving der nieuwe of weinig bekende soorten. [Z.p., om 1885].
- Ornithologischer Jahresbericht (1885) aus Holland (Friesland und Zuid-Holland). Wenen, [1886].
- Een paar waarnemingen omtrent het trekken der ooievaars. Ljouwert, 1888.
- Catalogue raisonné et synonymique des Neuroptères observés dans les Pays Bas et dans les Pays limitrophes. Tijdschr. Ent. 32: 211-376. Amsterdam, [1889]
- Notes sur les perlides décrites par le Dr. Rambur. Ljouwert, 1889.
- Note sur la Taeniopteryx Nebulosa L. et la T. praetexta Burmeister. Ljouwert, 1889.
- Révision des rhaphidides. De Haach, 1891.
- Ueber das Vorkommen seltener Vögel in den Niederlanden. [Z.p.], 1892.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|