Springe nei ynhâld

Fuotbalferiening Sint-Anne

Ut Wikipedy

Fuotbalferiening Sint-Anne spilet op de fjilden oan de Seatenwei yn Sint-Anne. Alle moannen ferskynt klupblêd De Treffer.

Al yn 1914 is besocht om yn Sint-Anne in fuotbalklup op te rjochtsjen, mar it gie pas echt oan tusken 22-28 maaie 1931. De keazen namme, fuotbalferiening Quick, moast fan de FVB feroare wurde en waard Sint Anne. Fan Pleatslik Belang waard it fjild d'Avila hierd, dat no De Waaie hjit. Yn de santiger jierren kaam der in nije akkomodaasje en waard it swarte shirt fan it begjin ynruile tsjin de wyt-swarte banen fan no.

  • Tenu: shirt mei swart-wite banen, swarte broek en swarte sportsokken


Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]