Springe nei ynhâld

Gideontsjerke (Sint-Anne)

Ut Wikipedy
Gideontsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
plak Sint-Anne
adres Van Harenstrjitte 67
bysûnderheden
type bouwurk tsjerke
boujier 1926
arsjitekt Ane Nauta
offisjele webside
Side Protestanske gemeente Sint-Anne

De Gideontsjerke oan de Van Harenstrjitte yn Sint-Anne waard as grifformearde tsjerke boud en is hoed-de-dei de tsjerke fan de PKN-gemeente Sint-Anne.

Skiednis foarming grifformearde gemeente

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fanwegen de frijsinnigens yn de Herfoarme Tsjerke yn de 19e iuw lieten rûnom minsken harren ôfsnije fan de Tsjerke. Hja sletten harren oan by de troch Hendrik de Cock ynsette ôfskieding, dy't yn Nederlân ta in nije protestanske streaming liede: de kristlike grifformearden. Yn Sint-Anne kaam pas yn 1865 in ôfskieden gemeente fan de grûn. In twadde weach fan minsken dy't fanwegen de frijsinnigens de Herfoarme Tsjerke ferlieten fûn plak oan it ein fan de iuw mei doleânsje. Beide streamings hiene yn Sint-Anne ynearsten in eigen tsjerkegebou. De ôfskieden gemeente (de "A-tsjerke") tsjerkte oan it Eastein en sûnt 1887 tsjerkte de dolearjende gemeente (de "B-tsjerke") oan de Stedhâlderswei (doedestiids it Noardein).

Nei't de striid oer de lokaasje fan de grifformearde tsjerke besljochte wie, waard in gevelstien yn de nijbou ynmitsele mei de tekst út 1 en 2 Kroniken 1 Kroniken 22:1

De beide grifformearde tsjerkerieden kamen wol ta inoar, mar foar de dûmny's lei de konkurrinsje op 'e loer en in goede gearwurking woe mar net fan de grûn komme. Dat levere de beide gemeenten fan de klassis Hallum in skrobbearring op, dy't de hâlding fan de net goed gearwurkjende gemeenten as in "sûnde foar God" omskreau.[1].

Undertusken hiene de grifformearden fan de Bildtdiken, dy't foar in part ûnder Sint-Anne foelen, de kâns waar nommen om by de klassis yn Hallum te pleitsjen foar in eigen gemeente. Troch de muoisume ferhâldings hie Sint-Anne it by de klassis fan Hallum bedoarn en de Bildtdyksters krigen dan ek tsjin it sin fan Sint-Anne yn 1918 tastimming om in eigen gemeente te stiftsjen.

Pas doe't de A-tsjerke troch it ferstjerren fan de dûmny sûnder predikant kaam te sitten, moasten de ôfskiedenen wol wetter by de wyn dwaan. It útslútsel lykwols fan ûnôfhinklike saakkundigen dat de B-tsjerke de bêste fan de twa lokaasjes wie, soarge by de A-gemeente foar nije argewaasje. Lang om let waard der keazen foar in folslein nije tsjerke op in oare lokaasje, wêrby't de koster en de ynrjochting fan de A-tsjerke meinommen waard nei de nije tsjerke.[2] Likernôch tagelyk mei de nijbou yn Sint-Anne fûn yn it buorskip Nij Altena ek de bou fan in nije grutte tsjerke plak, de Tsjerke tusken de Diken.

Tsjintwurdich is de grifformearde tsjerke fan Sint-Anne de tsjerke fan de protestanske gemeente fan Sint-Anne.

De Gideontsjerke is in krúsfoarmige tsjerke mei in útboud portaal op it suden. Op it snijpunt fan de twa beuken stiet in lytse dakruter. De finsters hawwe noch de oarspronklike glês-yn-lead-ramen. De ynrjochting bleau yn de rin fan de tiid foar it grutste part bewarre.[3]

It Ljouwerter oargelbedriuw Bakker & Timmenga boude yn 1906 in oargel foar de A-tsjerke. Dat ynstrumint waard yn 1926 troch itselde oargelbedriuw nei de nijbou oan de Van Harenstrjitte.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: