Springe nei ynhâld

Gitersken

Ut Wikipedy
Giteren

De Gitersken binne ynwenners fan Giteren yn Oerisel. Sûnt de 18e iuw binne in soad Gitersken nei Fryslân ta kommen as feanters.

Om it jier 1200 hinne setten leden fan de Flagellanten har nei wenjen yn it feangebiet dêr't it hjoeddeistige Giteren diel fan is. Sy makken fan it gebiet de earste feankolony fan Nederlân. Yn de fjirtjinde iuw waard der in katolike tsjerke yn Giteren boud. Yn de twadde helte fan de sechtjinde iuw kamen de Dopersken nei Giteren ta. Giteren wie yn de midsiuwen ûnderdiel fan it Oerstift, dat ûnder de Bisdom utert foel. De Fryske frijheid lûkt dan wol guon kriten bûten de Fryske lannen oan, ek Giteren (Geethorn) wurdt yn it Traktaat fan de Sân seelannen neamd as ûnderdiel fan it fjirde Fryske seelân.

Troch it feantsjen fan de Gitersken is it Nannewiid ûntstien.

Doe't it heechfean ôfgroeven wie, wie it leechfean oan bar. Mei de Gitersken kamen ek minsken út Drintske doarpen as Wanperfean nei de gritenijen Haskerlân en Skoatterlân en it Lege Midden fan Fryslân. Troch de feepest wiene der in soad boeren dy't harren lân goedkeap ferkeapje woene. Doe't der dêrnei mear fraach kaam nei stienkoal, en minder nei turf, en kaam der in soad earmoede en dêrmei sosjale spanningen.

It meitsjen fan turf gie hjir troch lange petten te graven mei stripen der tusken om de turf op te drûgjen. Sa ûntstiene lânskippen as yn De Deelen by De Tynje en Aldeboarn. De Gitersken brûkten in nije foarm fan turf meitsjen: Se brûkten baggelbûgels, in soarte fan skepnetten dêr't se de modder fan de boaiem mei op de wâl lutsen. Sa waard de hiele feanlaach weihelle. Wat oerbleau wiene grutte wetterplassen lykas it Nannewiid.

Grytman Johan Vegelin van Claerbergen warskôge doe al foar it gefaar foar oerstreaming en it ferswakjen fan de diken troch dizze grutte feanplassen. Hy kaam hjirmei tsjinoer de Gitersken te stean dy't graach safolle mooglik turf meitsje woenen. Yn febrewaris 1825 soarge in hurde stoarm foar grutte oerstreamings dy't de diken fan de Sudersee stikken sloech. It sâlte wetter kaam oan De Gordyk en Langsweagen oant Drachten en Beetstersweach Fryslân yn. De earmoede waard doe noch grutter en wie yn de 19e iuw op syn slimst. Museum It Damshûs yn Nij Beets jout hjir in byld fan.

De ynfloed fan de Gitersken is noch altyd te merkbiten. Se hienen net allinnich ynfloed op it lânskip mar ek op de gearstalling fan de befolking. In soad efternammen komme fan dizze "gastarbeiders" út dy hoeke fan Oerisel: Krikke, Knobbe, Knol, Kroes, Dam, Groen, Vonk, Poepjes, Wind, Meester, Vos, Snijder, Toering, Akkerman, Ruiter, Ketellapper, Mast of Otter. Ek troch it ferneamen fan de âlden kamen in soad foarnammen nei Fryslân: Aaltje, Grietje, Margje Geertje of Annigje en foar jonges Albert, Roelof of Wieger. Mar ek namen se de taal fan dy kanten mei, it "Turftraperstaaltsje" beynfloede de taal yn plakken as Bantegea, Lúnbert en Tsjalbert. Nammen as Jobbegea (Jobbinga), Ald- (Olde-) en Nijskoat (Nijeschoot) binne lettere ferfryskings fan oarspronklik Saksyske nammen.[1]

Taalgrinsmonumint

Nei alle gedachten wurdt Skoatterlân yn de rin fan de midsiuwen foar it meast Frysktalich en dêrtroch wie de Tsjonger in frij skerpe taalgrins tusken it Fryske en Saksyske gebiet. Fan Surhuzum nei it suden ta, leit oant djip yn de njoggentjinde iuw in brede stripe fean en heide, mei yn it suden de brede Tsjongerdelling as skieding mei it Stellingwerver taalgebiet.

Nei 1750 ûntstean noardlik fan it Tsjonger net-Frysktalige enklaven troch de komst fan de Gitersken. Yn doarpen as Sint Jansgea, Rotsterhaule, Stobbegat (letter Vegelinsoard), Dolsterhuzen, Ychten, Lúnbert en Tsjalbert wennet dêrtroch nei 1750 in grut oanpart net-Frysktaligen, soms sels in mearderheid. De taalgrins is om 1850 dus abslút net skerp: yn it hiele gebiet fan Lemsterlân, Skoatterlân, Anjewier en Eaststellingwerf wurde Frysk en Saksysk neist elkoar brûkt.

De Tsjonger is yn de tweintichste iuw wer in dúdlike taalgrins wurden. De neiteam fan de Gitersken gong op it Frysk oer.[1]

  • Jochem Kroes - De Gietersen in Friesland, Fryske Akademy, Ljouwert, 1996.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Reitze Johannes Jonkman & Arjen Pieter Versloot: Tusken talen, Utjouwerij Fryslân, 2008, siden 101-103, ISBN 978-90-6273-800-7