Vegelinsoard

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Stobbegat (Vegelinsoard)")
Gean nei: navigaasje, sykje
Vegelinsoard
Himrik fan  Vegelinsoard
Gemeente Skarsterlân
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen {{{stimmen}}}
Ynwenners (2004) 210
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 59' NB, 5° 51' EL
Netnûmer 0513
Postkoade 8467
Webstee {{{webstee}}}


Grevensmole

Vegelinsoard is in doarp yn de gemeente Skarsterlân noardeast fan De Jouwer oan it Hearrenfeanster Kanaal. It doarp hat likernôch 210 ynwenners (2004).

De namme Vegelinsoord is te werlieden nei de famylje Vegelin van Claerbergen, dy't yn dizze omkriten it grutte rol spile hat. Johan Vegelin van Claerbergen (1690-1773) wie in bekende kaartemakker dy't de omkriten fan Vegelinsoard yn kaart brocht hat.

It doarp hjit pas sûnt 1955 sa, dêrfoar hiet it Stobbegat, en koart foar de namsferoaring in skoftke Stobbegea. De namme is ûntliend oan in wetter mei dy namme.

Oant de gemeentlike weryndieling op 1 jannewaris 1984 foel it ûnder de gemeente Haskerlân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1884 waard hjir in âld houten doopfont opgroeven. Yn 1955 binne der bewenningsspoaren út de Karolingyske tiid fûn. It besjen wurdich is de Grevensmole.

Yn 1924 waard in halte iepene yn Stobbegat (Vegelinsoard) oan it spoar Ljouwert-Swol.

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Traan - âlde lânnamme tusken Haskerdiken en Sniksweach yn de Hasker Feanpolder by de eardere 'Tsjernemar'. De namme 'in dae Tranen'is al tige âld. Winterdeis strûpte it ûnder wetter. In 'tra' of 'trade' is in paad of fuotspoar. Ek dy paden stienen faak ûnder wetter.
  • Deelswâl - nei de wâl fan de Hearresleat tusken it eardere tolhûs en Twahûs (Twee Huys).
  • Fjildwei - wei troch de lannen.
  • Geauwei - nei de Alde Geau, as ferbining tusken de Grutte Hoarnstermar en de Hearresleat. In 'geau' is in namme foar in breed farwetter.
  • Grevenwei - nei de eardere weterferbining Grutte Hoarnstermar-Deelswâl. It lei tusken de binnen'- en bûtengreven. Greven komt fan it wurd 'grave'.
  • Hoarnstermarwei - fan De Jouwer rûn eartiids in paad nei de Grutte Hoarnstermar.
  • It Nije Paad -
  • It Rak - rjocht stik wetter by it Akkrumer Rak.
  • Litsdyk - dyk yn de Hasker Feanpolder fan de Grutte Hoarnstermar en Twahûs oan It Deel. It wie in stik fan de dyk om it Hasker Konvint (1480). It rivierke de Lits wie in sydearm fan De Boarn en is sûnt de turfgraverij ferdwûn.
  • Mienskarwei - mienskiplik leech lizzend stik greide, it eardere Jouster MIen Skar oan de noardwestkant fan de Skipsleat.
  • Middenwei - bylâns de Hoarnstermarwei en de Swarte Wei, dêr't eartiids de Flueskamp wie.
  • Muontserak - it Muontserak is in diel fan de Hearrensleat noardwest fan Vegelinsoard dat eartiids groeven w6eze kin troch de muontsen fan it Hasker Konvint.
  • Nije Kampen - stikken lân yn it noardlike diel fan de Hasker Feanpolder by de Wide Geau.
  • Rusken - bûtendyks lân dêr't in soad rusken groeiden.
  • Snilen - bûtendyks lân dêr't in soad reiden groeiden.
  • Swarte Wei - diel fan de wei Vegelinsoard-Aldehaske dat fan swarte slakken make wie. De slakken kamen fan it eardere stoomgemaal yn Stobbegat.
  • Twahûs - By it Deel stienen twa wenhuzen foar Sythuzen oer.
  • Untginning - nei de feangraverij by de Hasker Maaden.
  • Vegelinswei - âlde wetterkearing út 1723 dy't oanlein waard yn opdracht fan Philip Frederik fan Claerbergen. De wei fan De Jouwer oer Nijskou nei Akkrum waard fernijd en begrinte yn 1846.
  • Wellewei - It rivierke de Welle rûn fan de Grutte Hoarstermar nei de Hearresleat. In welle is in boarne dêr't wetter omheech komt.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Karel F. Gildemacher en Jacob H.P. van der Vaart - Een Rijk Bezit. Skarsterlân op de achttiende-eeuwse kaarten van Johan Vegelin van Claerbergen , 22 x 28 sm., 240 siden, naaid bûn, ISBN 978-90-5345-325-4