Springe nei ynhâld

Traktaat fan de Sân Seelannen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Traktaat fan de Sân seelannen)
Sân Fryske Seelannen neffens it traktaat fan 1417. De Fryske gebieten eastlik fan de Wezer (bg. Hadeln) en noardlik fan de Elbe (Dithmarschen) binne net oanjûn.

It Traktaat fan de Sân seelannen is in haadstik fan It Freeska Landriucht dat om 1480 hinne printe is. It traktaat jout in opsomming fan de sân Fryske seelannen. Mooglik is it traktaat fan de Upstalbeamgearkomste fan 1323[1]

It traktaat omskriuwt it gebiet dêr't de Friezen wenje, mei de lannen dy't har frijmakke hienen of frijmeitsje woenen fan harren lânshear.

Mei it traktaat waard besocht om fan Fryslân in politike ienheid te meitsjen. It wie net de earste of lêste kear om de Fryske lannen gear te bringen yn in politike ienheid. By de Upstalbeam waard yn 1323 besocht om ta de unifikaasje fan it Frysk rjocht te kommen. Yn de jierren 1514-1517 besocht Edzard de Grutte om fan Fryslân in moderne steat te meitsjen.

HJIR BEGJINT IN LYTS TRAKTAAT FAN DE SÂN SEELANNEN FAN HIEL IT LÂN FAN FRYSLÂN MEI SYN TABEHEAR EN EILANNEN

  1. It earste seelân is Westfryslân oan de oare kant fan de see, te witten Hoarn, Inkhuzen, Medemblik, ensfh., dat de greve fan Hollân alderearst oan him ûnderdienich makke hat.
  2. It twadde (seelân) rint fan Starum oant Ljouwert, te witten Westergoa en Doanjewerstâl (en) Wymbritseradiel, mei al harren tabehear.
  3. It tredde (seelân) hjit Eastergoa mei hiel Smellingerlân, Boarnegoa [noardlik Utingeradiel] (en) fierdersoan Haudmare [Opsterlân], Haskerlân, de Lege Wâlden [súdlik Utingeradiel] en Raarderhim, Achtkarspelen en Kollumerlân. Dizze twa seelannen, te witten it twadde en it tredde, binne noch frij en erkenne gjin oare hear as de keizer fan it (Hillige) Roomske Ryk. Mar dizze lannen hawwe ûnbidige skea lit en mannich oanfal (trochstien) en gâns bloedferjitten (ûndergien) om de frijheid te beskermjen, dy't harren jûn is troch de grutte kening Karel, en hja hawwe dêrta mannich swiere slach útfochten mei de greve fan Hollân om harren lân te beskermjen.
  4. It fjirde (seelân) is Stellingwerf, Skoatterwerf, Kúndersyl, Giteren, Follenhove, Stienwyk en hiel Drinte. Dit seelân hat de biskop fan Utert betwongen, te witten Drinte, Stienwyk, Follenhove, Giteren en Kúndersyl, mar Stellingwerf (en ) Skoatterlân, dy twa binne noch frij, en hja hawwe mannich oanfal (trochstien) en mannich oarloch hân mei it Stift fan Utert.
  5. It fiifde seelân is Langewâld, Fredewâld, Humsterlân, Middag, Hunzegoa, Fivelgoa, Grins, Aldamt, Reiderlân, Westerwâlde mei alle 'wâlden' dy't dêrby lizze tusken de Iems en Westfalen. It grutste diel fan dit seelân is noch frij en guon (dielen) binne jonker Keno en greve Ulrik ûnderdienich en guon binne de Grinzers ûnderdienich.
  6. It seisde seelân is Emden mei hiel Emsigerlân, Brookmerlân, Auwerkerlân, Astringen, Harlingerlân en Norderlân mei harren tabehear, en dat eale seelân, dat it rykst wie en fruchtber, (is) jonker Keno fan Brookmerlân (ûnderdienich), in neifolger fan syn heit en broer yn tsjoedens, en hy betwong dit lân op misdiedige wize en makke it earm troch seerôvers en hy sparre geastlike noch wrâldske persoanen en wie in grutte ferkeardenien en út de tsjerken naam er al it jild en kostberheden, dêr't er de striid mei fierde.
  7. It sânde seelân is Rjustringen, Wangerlân en Bûtjadingen, hokker lân Sibolt Edesoan, jonker Keno syn sweager, yn besit hat. Fierdersoan Oerledingerlân, Moarmerlân en Lengenerlân (Uplengen], dat binne dielen fan dit seelân dy't jonker Keno ek betwong, en Fokko Ukena waard troch Keno mei dy trije lannen beliend, en gjin lânshear koe dy seelannen betwinge, útsein dy Fokko foarneamd. Fierdersoan is Sealterlân ek in diel fan dit sânde seelân en (dat) jout tribút en skatting oan de biskop fan Munster. En Stadlân, it Hodelerlân (en) Wigmoadje oer de Wezer binne ek dielen fan dit sânde seelân. Dy hat de biskop fan Bremen betwongen, mar Dithmarschen is noch mei rêst litten.
  1. Politike stikken (sjoen op 7 feb. 2010)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]