Springe nei ynhâld

Sân Seelannen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sân seelannen)
De Fryske lannen om 1300 hinne.
Sân Fryske Seelannen neffens it traktaat fan 1417

De Sân Seelannen wienen yn de Midsiuwen selsstannige Fryske geaen. It is net wis of it tal sân letterlik naam wurde moat of dat it mear en oantsjutting wie foar de mienskip fan de seelannen. Der moatte op in beskaat stuit wol 27 seelannen of lângemeenten west hawwe. Yn de bûn fan de sân seelannen wienen yn alle gefallen mear as sân gebieten ferbûn, mar of dy allegear as ien fan de seelannen beskôge waarden is net dúdlik.

Yn in opdieling fan de Fryske Noardseekust wurde de seelannen sa yndield:

  1. West-Fryslân, fan it Pettenske Gat oant it Fly;
  2. Fryslân, fan it Fly oant de Lauwers;
  3. De Ommelannen, fan de Lauwers oant de Iems;
  4. East-Fryslân, fan de Iems oant de Jade;
  5. Oerjade, fan de Jade oant de Weser;
  6. Hodelerlân, fan de Weser oant de Elbe;
  7. Dithmarschen, fan de Elbe oant de Eider.

Fariaasjes hjirop nimme ek Fryslân oer de Eider op as in Seelân, wêrta bygelyks Oerjade net as in apart seelân sjoen wurdt.

In traktaat út 1417 neamt foar dy tiid lykwols de opdieling:

  1. West-Fryslân;
  2. Westergoa;
  3. Eastergoa;
  4. In gebiet dat meast lêzen wurdt as de Stellingwerven, en Drinte;
  5. De Ommelannen, oant de Iems;
  6. East-Fryslân;
  7. Bûtjadingen, oant de Weser.

Yn it bûn wienen neffens it traktaat fierder lannen besuden East-Friesland opnaam, wêrûnder de omkriten fan Lier en it Sealterlân.

It bûn fan de sân seelannen kaam alle jierren op de tiisdei efter Pinkster byelkoar by de Opstalbeam, by Auwerk.