Aldamt (regio)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
It Aldamt as bestjoerlike ienheid yn 1798
De hjoeddeiske regio Aldamt

It Aldamt is in lânstreek en ien fan de eardere Ommelannen yn it easten fan Grinslân. It wie ien fan de Fryske Goaen. It bestie fanâlds út twa parten: Klaai-Aldamt, dat yn de Midsiuwen Menterne hiet, en Wâld-Aldamt, dat yn de Midsiuwen Menterwolde (Menterasilva of Menterawalda).

It Aldamt grinzge yn de Midsiuwen oan Fivelgoa, Reiderlân, Westerwâlde en it noch net oanmakke gebiet fan de Grinzer Feankoloanjes. Yn de santjinde en achttjinde iuw hearde it lykwols net by de Ommelannen, mar ta de stedsjurisdiksje fan Grins.

It Aldamt fan no omfiemet de hjoeddeiske gemeente Aldamt. Oarspronklik hearde it súdlike part fan Menterwâlde en parten fan de gemeente Feandam en de eardere gemeente Pekela by it Aldamt, mar dy wurde hjoed-de-dei by de Feankoloanjes rekkene.

De stêd Wynskoat hie in sintrumfunksje fan it gebiet, mar ferlear in soad dêrfan oan plakken lykas Feandam, Stedskanaal en Delfsyl.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Midsiuwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Segel fan it Wâld-Aldamt út 1347
It Aldamt yn de tiid fan de Sân Fryske Seelannen
Midsiuwske tsjerke fan Termunten yn Klaai-Aldamt

It histoaryske Aldamt hearde by de Ommelannen yn Easterlauwersk Fryslân. Oant de alfde of tolfde iuw hearde it Aldamt nei alle gedachten noch by Fivelgoa, dêr't de namme Aldamt nei alle gedachten fan "it âlde amt" komt. Dat is foar in part te sjen yn de gearstalling fan it dekanaat Farmsum, dy't útsein it gânse Aldamt ek it Easteramt fan Fivelgoa omfieme. De earste Aldfryske nammen fan it goa wiene Alda Ombechte, neffens de Kronyk fan Bloemhof út 1271 en Althammet (1276). De earste fariant stiet ek op de râne fan it segelwapen fan it Wâld-Aldamt, dat fan 1347 yn gebrûk naam waard.

De grins tusken de Reiderlân en it Aldamt waard foarme troch de Tsjamme en nei alle gedachten de Fiemel Ae. It gebiet waard bewenne troch Friezen en hearde by Easterlauwersk Fryslân (de lettere Ommelannen). De grins mei Fivelgoa waard foar in part foarme troch de Sijpe; oer it ferrin fan de grins fan Wagenborgen oant Borgsweer bestiet minder dúdlikens. Wagenborgen foel oant 1435 ûnder it Easteramt fan Fivelgoa, maar kaam, yn tsjinstelling ta de oanswettende kerspels, net yn hannen fan de Ripperda's.

It Aldamt wie oant 1559 part fan it bisdom Múnster. De tsjerklike rjochtspraak waard dien troh de proast fan Farmsum. De proasdij wie sûnt de ein fan de fjirtjinde iuw yn hannen fan de haadlingefamylje Ripperda. De rjochten fan de proast waarden nei in rebûlje yn 1276 tige beheind.

It wrâldlik bestjoer yn it Aldamt wie yn hannen fan de doarpshaadlingen, dy't tegearre mei de mienskip fan frije boeren it rjocht útsprutsen en besluten namen. Hja wennen ornaris yn in boarch of stins. Yn de kerspels waard de funksje fan rjochter of buorrerjochter om bar waarnaam. It midsiuwske haadplak fan it Aldamt wie Midwolda. It wapen fan it Aldamt is de streekrjochte foarrinner fan dy fan de eardere gemeente Midwolda. De krústsjerke fan Midwolda, dy't ôfbylde stie, wie it plak foar bestjoer en rjochtspraak. Yn 1471 waard dêr in nije ferzje fan it Aldamster lânrjocht fêststeld, dat ek foar it fyfde part fan Reiderlân gou. In eardere ferzje waard yn 1427 yn it Kleaster Palmar fêststeld.

De machtige famyljes wiene om 1400 hinne de Gockinga's yn Súdbroek en de Houwerda's yn Termunten, dy't stadichoan harren tsjinstanners fersloegen. De omlizzende doarpen diene in berop op de stêd Grins, dy't de Gockinga en de Houwerda's gauris ta belies twong, oant de stêd ta einbeslút yn it midden fan de fyftjinde iuw harren besittings yn beslach naam. De earste kastlein op de Houwerdaboarch wie iene Loadewyk Horenken, dy't fan 1444 ôf it tafersjoch hie op de stedsrjochten yn it Aldamt en Reiderlân. Hy waard roch syn soan Evert opfolge. Fan 1478 ôf hie de kastlein syn sit foar it Wâld-Aldamt yn de Pekelboarch by Wynskoat. De kerspels bleaune noch ûnôfhinklik en yn 1435 sleaten se in ferdrach mei de stêd Grins, dêr't Wynskoat en Beerta yn it Reiderlân harren ek by foegen, en yn 1454 sleaten harren fertsjintwurdigers in oerienkomst oer it bedykjen en gean fierder ferlies fan lân oan see tsjin. Dat ferdrach waard út namme fan it Wâld-Aldamt besegele.

Under de stêd Grins[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kaart fan Stêd en Ommelannen út 1781 mei Aldamt yn oranje
Monumint ta betinking fan de Slach by Heiligerlee

Yn de sechtjinde iuw feroare de tastân. De hartoch fan Gelre, dy't yn dy snuorje mear macht krige, beheinde yn 1522 de rjochten fan de kerspels yn it foardiel fan de stêd Gins, dy't sels de goa as part fan de stedsjurisdiksje beskôge. Yn 1520 krige it Wâld-Aldamt foar it earst in drost en it Klaai-Aldamt yn 1526. Dat late hieltyd mar wer ta strideraasjes.

Yn maaie 1568 foelen hiersoldaten fan Loadewyk fan Nassau de Ommelannen yn. Op 23 maaie fan dat jier kamen Spaanske troepen oan dy't de ynfallers ferjeie moast. Hja waarden opsteld by it kleaster fan Hilligerlee, mar waarden troch it Steatske leger opwachte dy't de Spanjerts dêrnei de feansompe yn dreau. Dat barren stie bekend as de Slach by Hilligerlee en foarme sa'n bytsje it úteinsetten fan de Tachtichjierrige Kriich.

Yn maart 1580 tekenen fertsjintwurdigers fan de twa Aldamten eigenmachtich de Uny fan Utert en it beslut dêrta waard mei it âlde lânskipssegel bekrêftige. Dat late nei it Ferrie fan Rennenberch ta wraakaksjes fan de stêd, dêr't de hannelsfrijheid fan de Aldamtsters beheind waard en it steapelrjocht fan de stêd oplein waard. Bierbrouwerijen en oare foarmen fan yndustry, dy't yn de Ommelannen ferbean waarden, waarden lywols wol tastien. De stêd liet ek nije kanalen en wetterwegen oanlizze dy't it mooglik makken lânbouprodukten en turf nei de stêd te ferfieren. Fan 1628 ôf waard it Wynskoaterdjip mei syn ôfspjaltings, sa as it Muntendammerdiep, Meedenerdiep, Koediep (1635) en Bûten Nijedjip (1665) groeven. Mei it graven fan it Termunterzijldiep (1601), Beertsterdiep (1636) en Bellingwolderzijldiep (1704) waard de ôfwettering ek better regele. Termunterzijl ûntjoech him ta in seehaven. De Westerwoldse Aa waard yn 1657 ôfsletten bij Nijeskâns, dêr't yn 1690 it havenplakje Oudezijl ûntstie.

Yn de jierren dêrnei besochten de Aldamtsters mear sizzenskip oer harren saken te krijen. Hja besochten om 1600 hinne fergees in sit te krijen yn de lândei fan de Ommelannen. Under Sebo Huninga waard op 10 augustus 1639 suver de ûnôfhinklikens útroppen en waard oanjûn it bewâld fan de stêd net mear oan te nimmen. Dat late jierrenlang ta in juridysk skeel mei de stêd, dy't hieltyd mar wer it gelyk krige fan de Steaten Generaal yn De Haach, om't it Aldamt net oer wetlike dokuminten beskikte. Dêrom keazen guon Aldamtster eigenerfden foar biskop Kristoffel Bearend fan Galen yn de Earste Múnsterske Kriich. Syn troepen waarden ferslein en dejingen dy't harren stypten krigen de deastraf. Da Aldamtsters bleaune dus eftersteld ferlike mei Fivelgoa en Hunsingoa, dêr't de eigenerfden wol oer iepenbiere saken beslisse mochten.

De stêd Grins fierde in absolutistysk bewâld yn it Aldamt, dêr't eigenerfden allinnich by wettersteatssaken en by it bestjoer fan tsjerklike gemeenten stimme mochten. Troch de oerheerskjende posysje fan de stêd, hawwe der yn it Aldamt, ta tsjinstelling fan de oare Ommelannen, gjin jonkerslagen festige, dy't de hearlike rjochten nei harren sels ta lutsen. De stinzen yn it Aldamt hawwe harren nea ta wiere boargen ûntjûn. Wol festigen der rike famyljes út de stêd op bûtenpleatsen yn it Aldamt, sa as bygelyks de Hora's op de Ennemaboarch, de Gockinga's op Feanhuzen by Noardbroek en Johan Geertsema yn 't Waar.

Yn in folgjende snuorje rekke it skeel mei de stêd benammen op polityk en tsjerklik mêd. De measte Aldamtsters begûnen in strangere foarm fan it protestantisme, de Fierdere Reformaasje te folgjen en wiene fûle foarstanners foar de prins fan Oranje, dy't de Steedhâlder mear macht jaan woene. By it Pachtersoproer fan 1748 foarmen se militêre frijkorpsen dy't meiholpen mei de rebûlje yn de stêd Grins. Hja namen it bestjoer tydlik oer en laten de pleatslike boerelândei yn Appingedam. Ta einbeslút namen stedsbestjoerders it bestjoer wer oer. Yn 1785 waarden troepen nei it Aldamt stjoerd en pak de lêste rebûljes oan. Yn de rin fan de njoggentjinde iuw kearden Aldamtster boeren ta it liberalisme.

Woltierige lânbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Buorkerij fan 1838 by Nij-Scheemda
Hearebuorkerij fan om 1880 hinne by Midwolda
18e iuwsk lânwurkershûs by Midwolda
Ploegjende lânwurkers by Nij-Scheemda om 1947 hinne
Lânwurkers ûnder it skoft by Nij-Scheemda om 1955 hinne

Nei 1650 wie it in drege tiid yn it Aldamt. De prizen wiene leech en in soad boeren waarden twongen en ferkeapje harren lân. De measte boeren hiene om 1650 hinne in beskiede bestean op buorkerijen fan 5 oant 20 bunder, mar om 1800 hinne wiene it hast allinnich mar grutte boeren dy't oerbleaun binne. It lân rekke yn hannen fan rike ynvestearders út de stêd. Ek de stoarmfloed fan 1686 makke in soad stikken, wêrûnder Termunterzijl, dy't fuortspield waard.

De nije polders, dy't neitiids drûchlein waarden, wiene tige gaadlik foar de ikkerbou. Om 1740 hinne gou it Aldamt as in "Lân Kanaän", mei weagjende nôtikkers en grôtfolle nôtsouders. Dy ûntjouwing sleat oan by dy fan East-Fryslân. Beide gebieten oefenen mei wurkbesparjende techniken, lykas lichte fuotploegen, terskrôlen, nôtwaaiers, nije fruchtwikselingstechniken en tylt fan koalsied, klaver en, benammen op sângrûn, ierappels. De grutte skuorren fan it Aldamtster type ûntstiene dêrtroch. Letter kamen der noch rigetylt en it klaaigraven by, dêr't lân bedonge waard mei opdolde kalrike grûn.

It útbrekken fan de feepest en hege nôtprizen late ta it omskeakeljen fan in mingd bedriuw ta folsleine ikkerbou. De ynflaasje soarge foar dat de fêste pachtsom, dy't de boeren neffens de regels fan it beklamrjocht skuldich wiene oan de lâneigeners, hieltyd minder wurdich waard, sa't se stadichoan suver wer eigener fan harren pleats wurde koene.

Om 1800 hinne hie it greidelân yn de âldere polders en op it heechfeangrûn, dy't it Aldamt fanâlds omkrongen, plakmakke foar ikkerbou. Dat bleau yn de njoggentjinde iuw troch gean. It opkommen fan de striekarton- en ierdapelyndustry oan de ein fan de njoggentjinde iuw joegen de ikkerbou nije mooglikheden, dêr't strie, dat eartiids in ôffalprodukt wie, en de opbringsten fan earmere sângrûn mear wurdich waarden. Hjoed-de-dei hat it Aldamt noch hieltyd it meast boulân, ferlike mei oare geaën mei swiere polderklaai, dêr't men wer werom nei feetylt gie.

Nei 1750 waard it lêste heechfean al fluch ôfgroeven. It oanmakke lân waard foar in part oan earme doarpslju útjûn, dy't wenten mei ien keamer mei in skuorke nei it model fan de oare pleatsen bouden, eigen ierappels ferbouden, en foar de rêst as lânwurker op de grutte pleatsen en as losse wurkfeint earne oars wurken. Yn en om de doarpen hinne waarden hûnderten nije wenten boud, bytiden by de diken lâns of oan smelle leantsjes dy't nei efteren yn it eardere feangebiet ynrûnen. Troch it sels ferbouwen fan ierappels woeks de lânwurkersbefolking en wiene der genôch minsken foar it seizoenwurk op de pleatsen ta beskikking. Troch it ferbetterjen fan de libbensstandert naam de bernestjerte ôf en naam de libbensferwachting ta.

Tekenjend foar it Aldamt, allyksa foar parten fan Duerswâld en East-Fryslân, wie de saneamde "ienskoft", dêr't lânwurklju oant healwei de middei wurken en de rêst fan de tiid op harren eigen grûn of mei oannommen putsjes oan 'e gong wiene. Mar in part fan de lânwurklju yn it Aldamt hie fêst wurk, de oaren hiene wurk lykas turfgrave yn de Feankoloanjes, gêrs meane yn Fryslân en wurk by diken en kanalen dwaan. Nôt meane en sleatsje graven barde almeast neffens in kontrakt. Sokke frije wurkferhâldings joegen de Aldamtster lânwurklju suver in soarte fan selsstannigens, dy't suver ferlike mei oare streken woltierich oandie. Doe't it minder gie mei it buorkjen, lykas yn de Lânboukrisis fan 1880 en justjes nei de Earste Wrâldkriich, naam de earmoede by de lânwurklju gau ta, dêr't grutte hûshâldings mei mear bern it al gau slim krigen.

De rikere boerestân ferlike syn libbenstyl mei dy fan de eliten fan de stêden. De woltierigens fan (in part fan) de lânbouwers yn de njoggentjinde iuw kin hjoed-de-dei noch hieltyd sjoen wurde oan de kapitale buorkerijen. Dy steatlike buorkerijen hiene suver it uterlik fan in boargerwente mei mear ferdjippings, dêr't dan de molkkelders, nôtsouders en skuorren efteroan stiene.

Polityk sjoen beskôge jinsels as foarútstribjend en waard fan de tsjerklike en ekonomyske eliten ôfkeard, dêr't se fan tochten dat dy de stringen yn hannen hiene. It kulturele sintrum foar de liberale en frijsinnige boerestân wie Wynskoat, dat in hurd waaksende plattelânstêd mei in frijsinnige sfear, in eigen krante, teäter, ensafuorthinne, wie.

De lânwurklju besochten op beskiede manier de libbenstyl fan de boeren te bearen, om't se harren kultureel mêd learden doe't se as feinten en fammen op de pleats trochbrochten. Om mei te kommen yn dy libbenstyl moasten se in soad bealgje, en dat smiet gauris argewaasje op. De hearsksuchtigens fan guon boeren en de teloarstelde ferwachtings fan de lânwurklju late ta in soad argewaasje en wriuwing tusken de boeren en harren wurklju. De sosjalistyske wurkersbeweging spile dêr nei 1890 ek op yn, want dy hie as foardiel dat de liberale boerestân it bûn fierwei mei de otterdokse tsjerke ferbrutsen hie. In minderheid, sa as yn Midwolda, Oostwold en Wagenborgen socht krekt beskerming by de otterdokse tsjerklike gemeenten, dêr't men besocht it sosjaal skeel troch neisteleafde te ferhelpen.

Sosjalisme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ploegje mei trekker by Nij-Scheemda om 1955 hinne
Alde striekartonfabryk De Toekomst yn Midwolda

Oant fier yn de tweintichste iuw wurke it grutste part fan de Aldamtster befolking yn de lânbou, wylst de striekarton- en ierappelmoalyndustry oan de râne fan it gebiet ek in wichtige rôl spile.

Der wiene al gau sosjale ûnrêst op it plattelân, lykas stakings fan polderjonges en kanalegravers. Boerefeinten ferplichten inoar foar it freegjen foar mear lean, en de guon dy't it net oandoarsten waarden narre.

De sosjalistyske wurkersbeweging foar de lânwurklju kaam yn weagen. Ynearsten trûnden de sosjalisten oan op algemien kiesrjocht, dêr't ek in soad foarútstribjende boeren oan meidiene. De beweging waard nei 1890 fûler, dêr't benammen it frij sosjalisme populêr waard. Yn de winter fan 1892 op 1893 like it derop dat der in sosjale revolúsje yn it Aldamt plakfine soe, mei demonstraasjes, rebûljes op strjitte, fernielings en brânstifting. Troch it stjoeren fan militêren en it bouwen fan kazernen foar de maresjaussee waard it wer rêstiger. Fan 1901 ôf begûnen de lânwurklju leaneasken te stellen en waard der drige mei stakings. Justjes foar de Earste Wrâldkriich kaam der in soarte fan in fakbûn yn it Aldamt en krong de sosjaaldemokrasy troch. De wurklju fûnen it wichtich dat troch krêftige organisaasjes se op polityk mêd sterker stiene, en troch de opbringst fan kontribúsjes koe men stakings organisearje. De ynfloed fan de wurkersbeweging woeks yn de Earste Wrâldkriich, mar der wiene ek teloarstellings. It algemien kiesrjocht brocht net wat ferwachte waard.

Yn de jierren dêrnei folgen ferskate stakings, mar troch de krisis yn de lânbou en de striekartonyndustry joegen de boeren net sa fluch ta. Ek de wurkersbeweging wie tige ferdield. Benammen yn de âlde bolwurken lykas Finsterwolde, Beerta en Nijeskâns waard op in revolúsje hoopt, dêr't ynspiraasje wie foar it kommunisme en de Russyske Revolúsje. Yn 1929 slagge it harren om meiïnoar leaneasken te stellen, mar de boere-organisaasjes joegen lykwols net ta. Doe bruts der in staking fan fiif moanne út, mei op it hichtpunt dat 5000 manlju en froulju der oan meidiene. Troch it goede waar, koene boeren genôch wurklju fine en de rispinge binnen helje. It fakbûn kaam harren temjitte en dat late fannijs ta twaspjalt. Justjes dêrnei bruts de Krisis fan 1929 út, en koe men it ferheegjen fan de leanen net benei komme. Dat late ta de lânwurkersstaking fan 1929, en doe waard de kleau yn de maatskippij fan de doarpen yn it easten fan Grinslân noch hieltyd grutter.

De tritiger jierren wie in tiidrek fan earmoede yn it Aldamt. In soad byfertsjinsten rekken troch de krisismaatregels wei. Soad wurkleazen waarden nei wurkkampen stjoerd. It nasjonaalsosjalisme wie lykwols net populêr, mar de rjochtse boere-organisaasje Lânbou en Maatskippij wol. De lânwurklju stimden hast allegear op SDAP, dy't amper mei bestjoere mocht, en de progressive kristlike partij CDU krige ek in soad oanhing.

Mei de Dútske besetting yn de Twadde Wrâldkriich libbe men benammen yn berêsting, want der wie gefoel fan sibskip mei Dútslân en bewûndering foar Hitler syn ekonomyske súkses. Sûnt de achttjinde iuw libbe der in grutte Joadske mienskip, benammen yn Wynskoat. De measten fan harren waarden oppakt, om't der net in soad ûnderdûkten. In pear kamen mar werom. Ek de pleatslike lieders fan de kommunisten waarden nei konsintraasjekampen stjoerd. Der wiene al inkelde fersetsgroepen warber.

Nei de Twadde Wrâldkriich waard de kommunistyske partij populêr yn de âlde bolwurken fan it frij sosjalisme, mar ek yn oare parten fan it Adamt en Pekela. Troch de Kâlde Kriich rekke de sympaty foar it kommunisme en de Sovjet Uny wei. Finsterwolde bleau dêrfoaroer hieltyd in kommunistysk bolwurk, dêr't it ûnrêstich bleau, sa't it regear de gemeenterie yn 1951 nei hûs ta stjoerde. Yn de measte oare gemeenten kaam de PvdA yn it bestkoer te sitten populêr. Dy partij woeks troch it oansluten fan frijsinnich-demokraten en minsken mei in tsjerklike eftergrûn. It Aldamt bleau in sosjalistysk bolwurk en de âlde boere-elite moast himsels der by del jaan.

In grut part fan de befolking hie foardiel fan de sosjale wentebou en fan de fersoargingssteat. Der kamen nije bedriuwstakken, benammen yn de bou en yndustry yn omlizzende plakken. In soad jongeren lutsen fuort en de lânbou waard mechanisearre. De ûngelikens fan it ferline is noch lang yn de gemeentepolityk hingjen bleaun.

Taal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Aldamt wurdt it Aldamtersk, dat in fariëteit fan it Grinslânsk is en is nau besibbe oan de dialekt fan it Eastfrysk Plat fan it Reiderlân. Beide binne part fan it Nedersaksysk, mar hawwe in Frysk substraat. Oant de ein fan de Midsiuwen waard der Frysk sprutsen.