Skoatterwerf

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Skoatterwerf is de 14e iuwske namme foar Skoatterlân.

Stellingwerf en Skoatterwerf en de biskoppen fan Utert[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rûn 1300 guonen in soad boeren út Stellingwerf en Skoatterwerf nei Iselham en Ossezijl yn it Prinsbisdom Utert fan de biskoppen fan Utert te haaien. Sy soene eigentliks pacht foar de healannen betelje moatte. Biskop Guido (Guy fan Avesnes) liet, om der op ta te sjen, in stins bouwe yn Stienwikerwâld, mar de Stellingwervers en Skoatterwervers fernielden it al ûnder it bouwen.

Fol fan de died belegeren de Stellingwervers en Skoatterwervers it kastiel fan de biskop fan Utert yn Follenhove. Slotfâd Herman fersloech úteinlik de oanfallers. Underwilens kaam in legermacht út Utert. Dy hie sa'n soad ûngemak fan minne diken troch it waar dat se wer nei Utert túchden. Yn 1309 docht de biskop fan Utert Stellingwerf en Skoatterwerf dêrom yn de ban. Mar yn 1313 komme se ta in gelyk en de Stellingwerfers en Skoatterwervers sille al de skea oan de biskop betelje.

Ek ûnder biskop Jan fan Arkel binne spanningen. As de Stellingwervers en Skoatterwervers gjin nocht ha de wrâldske macht fan de biskop ta te jaan twingt de biskop yn 1362 de gritenijen as straf 10.000 âlde skylden te beteljen. By dy fjildtocht wurde ek doarpen yn Stellingwerf en Skoatterwerf plondere.

Rûn 1390 slút biskop Freark III fan Blankenheim in ferbûn mei Stellingwerf en Skoatterwerf. Hy wol de hannen frij ha foar it konflikt mei de Drost fan Coevorden en om mear macht yn de stêd Grins te krijen. Yn 1408 hawwe Skoatterwerf, Stellingwerf en Oostzimgerland oarloch met Freark fan Blankenheim. Yn 1409 wol hy wer pacht foar de healannen by Iselham. Se komme ta in gelyk, mar dit hat in prys. Se moatte âlde skylden betelje. Hoarnstersweach (30), Jobbegea (60), Skuorregea (50), Aldhoarne (60), Nijhoarne (50), Ketlik (70), Brongergea (50), Aldskoat (70) en Nijskoat (50). In pear jier letter binne de rapen wer gear. De biskop stjoert in leger dat ‘’Schoterlant geplondert ende daer omtrent mer als duisend huisen verbrant‘’. As Freark III fan Blankenheim stjert yn 1423 wurdt it rêstiger.

As yn 1495 Albrecht fan Saksen lanhearre fan Fryslân wurde wol, binne guon gritenijen tsjin, wêrûnder Stellingwerf en Skoatterwerf. Mei in fjildtocht troch it suden fan Fryslân slagget hy der yn om dizze streek ûnder syn gesach del te jaan. Yn 1496 wurdt Syrck Myrcksz neamd as oanfierder fan de Woldtluyden. Yn 1524 wurdt it rêstich as Karel V Fryslân anneksearret.