Springe nei ynhâld

Raerderhim

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Raarderhim)
Raerderhim

It eardere gemeentehûs fan Raerderhim yn Raerd.
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
sifers en geografy
haadplak Raerd
grutste plak Jirnsum
ynwennertal 2.925 (1981)
befolkingstichtens 83,6 / km²
oerflak 35,00 km²
tal doarpen 6
skiednis
oprjochte 1851
oant 1851 Gritenij Raerderhim
opheft 1984
opgien yn Boarnsterhim
no part fan Súdwest-Fryslân
Ljouwert
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2

Raerderhim (Nederlânsk en offisjeel: Rauwerderhem) is in eardere gemeente yn 'e midden fan Fryslân, noardlik fan 'e Snitser Mar. Dizze gemeente hie op 1 jannewaris 1981 in befolking fan 2.925 minsken,[1] en besloech in oerflak fan likernôch 35 km².[2]

Raerderhim wie de súdwestpunt fan Eastergoa. Doe't dat bestjoerlik split waard, hearde it by de Leppa, en doe't dy yn trije parten útienfoel wie it in part fan Idaerderadiel. Perslot rekke Idaerderadiel skieden yn parten benoarden en besuden de Boarn, en foar 1500 ûntstie de gritenij Raerderhim. De grytmannen fan Raerderadiel wennen op Jongemastate by Raerd.

By de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 1984, wie it plan om Raerderhim by de nije gemeente Littenseradiel te foegjen, mar úteinlik waard it mei Idaerderadiel en it grutste part fan Utingeradiel gearfoege ta de gemeente Boarnsterhim. By de gemeentlike weryndieling fan 2014 waard Boarnsterhim opheft. De doarpen Raerd, Dearsum, Poppenwier, Sibrandabuorren en Tersoal kamen doe by Súdwest-Fryslân te hearren, wylst Jirnsum oergie nei de gemeente Ljouwert.

It haadplak wie Raerd, en de oare doarpen yn de gemeente wienen: Dearsum, Jirnsum, Poppenwier, Sibrandabuorren en Tersoal.

De noardwestgrins fan Raerderhim wie de De Swette, mei oan de oare kant Baarderadiel. De noardeastgrins wie de âlde rin fan de Boarn, mei deroerhinne Idaarderadiel. De súdeastgrins wie de Nije Wjittering mei derfoarby Utingeradiel. Oan de súdkant wie de Snitser Mar de grins mei Doanjewerstâl, en de grins mei Wymbritseradiel yn it súdwesten waard foarme troch de Sjaardemasleat en de Spearster dyk.

Untwikkeling ynwennertal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 59.
  2. Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 324.

             Provinsje Fryslân
Flagge fan de Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen • It Amelân • Dantumadiel • Eaststellingwerf • Flylân • De Fryske Marren • Harns • It Hearrenfean • Ljouwert • Noardeast-Fryslân • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • De Waadhoeke • Weststellingwerf
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • It Bilt (1851–2018) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Dongeradiel (1984–2019) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Ferwerderadiel (1851–2019) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Kollumerlân (1851–2019) • Lemsterlân (1851–2014) • Littenseradiel (1984–2018) • Ljouwerteradiel (1851–2018) • Menameradiel (1851–2018) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)
· · Berjocht bewurkje