Baaidunen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Baaidunen is in doarp op Skylge. Baaidunen leit west fan Midslân.

Op 1 jannewaris 2005 hie it doarp 123 inwoners. Om Baaiduinen hinne lizze in oantal lytse, mar folle âldere delsettingen: Kinum, Kaart en Horp. Baaidunen is it jongste doarp fan Skylge, it waard pas yn de 19e iuw as selsstannige delsetting erkend. It doarp bestiet út in rige âlde Skylger pleatsen oan beide kanten fan de Haadwei. De measte pleatsen binne ferboud foar it toerisme.

Der is net folle feehâlderij mear, de measte minsken libje fan it toerisme. Benoarden Baaiduinen leit it grutte poldergebiet "It Hege Lân".