Amsterdamsk
It Amsterdamsk is it Hollânske dialekt fan 'e stêd Amsterdam. Hoewol't Amsterdam yn Noard-Hollân leit, wurdt it dialekt dochs ta it Súdhollânsk rekkene. Hjoed-de-dei wykt it Amsterdamsk net folle ôf fan it Standertnederlânsk; dêrôm wurdt it ek wol in aksint neamd. Ut priuwkes fan it eardere Amsterdamsk (bygelyks yn it wurk fan de sântjinde-iuwske skriuwer Bredero) blykt lykwols dat it earder folle mear âld-Hollânsk taaleigen hie. In kombinaasje fan massa-ymmigraasje en de him ûntwikkeljende standerdtaal kinne dy nivellearring nei alle gedachten ferklearje.
It Amsterdamsk hie yn it ferline in grutte ynfloed op oare dialekten, mar ek op it Frysk. Benammen it Súdwesthoeksk en it Hylpersk hienen in protte taalkontakt mei Amsterdam. Ek op it Stêdsk, benammen it Starumersk, hie it ynfloed, al wie it net de spesifike boarnetaal dy't by it ûntstean fan it Stêdsk oan 'e basis dêrfan lein hat.
De wichtichste skaaimerken fan it (hjoeddeistich) Amsterdamsk binne de útspraak fan de v en z oan it wurdbegjin as f en s (lykas yn it Frysk; dit kin bêst in oerbliuwsel wêze út de tiid dat it gebiet Frysktalich wie), de realisaasje fan de Nederlânske /a:/ as in efterlûd [ɑ:] (wat wiist op in oergong nei it Utertsk-Alblasserwaardsk), in palatale útspraak fan dentale bylûden oan it wurdein (sa't it wurd zon likernôch klinkt as sònj) en in 'dike' (felare) l yn alle posysjes. Op it gebiet fan de wurdskat hat it Amsterdams in beskate ynfloed fan it Jiddysk ûndergien; wurden lykas goochem 'gewykst', gabber 'kammeraat' en geteisem 'rapalje' binne troch it Bargoensk yn de algemiene Amsterdamske wurdskat opnommen.
Hokfoar persintaazje fan de Amsterdamske befolking it dialekt noch praat, is net bekend. Wol is it gebrûk beheind ta de autochtone folksklasse: lju mei in heger oplieding en lju mei yn migraasje-eftergrûn prate oer it algemien gjin Amsterdamsk. De boerebefolking yn it Amstellân en de Haarlimmermar sprekt al Amsterdamsk; dat wol sizze: it dialekt fan dy plakken is feitlik itselde. Mei't in soad 'echte' Amsterdammers yn 'e twadde healte fan de tweintichste iuw nei oare plakken ferhuze binne, is it Amsterdamsk ek de folkstaal fan Lelystêd en Almere, en binne der grutte sprekkersmienskippen yn bygelyks Zaanstad en Purmerend.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- J. Berns, J. van den Braak, Taal in stad en land: Amsterdams. De Haach, 2002
- C. van Bree, Taal in stad en land: Zuid-Hollands. De Haach, 2004
- J. Daan, Hij zeit wat. Grepen uit de Amsterdamse volkstaal. Amsterdam, ²1949; fannijs útjûn troch J. Berns (De Haach, 1993)
- A. van Gaalen, Stadsplat. Zes stadsdialecten. Grins, 1989
- H. Schatz, Lik op stuk. Het dialect van Amsterdam. De Haach, 1987
- J. Stroop, "Burgerlijk Amsterdams" yn: J. Kruijsen, N. van der Sijs, Honderd jaar stadstaal. Amsterdam/Antwerpen, 1999