Meertens Ynstitút

Ut Wikipedy
It Meertens Ynstitút yn Amsterdam
Bibleteek

It Meertens Ynstitút (MY) yn Amsterdam is in ûndersyksynstitút fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen (KNAW).

Op it MY wurdt ûndersyk dien nei taal en kultuer. De twa ôfdielingen binne: Nederlânske etnology, rjoche op lânseigen en lânsfrjemde kultueren yn Nederlân en harren ynteraksje, en Fariaasjelinguïstiek, rjochte op taalstruktuereel-, dialektologysk- en sosjolinguïstysk ûndersyk nei taalfariaasje yn it Nederlânsk yn Nederlân, mei in klam op grammatikaal en nammekundich ferskaat. De ûndersiken binne tsjintwurdich fral op dizze tiid oriëntearre: der wurdt socht nei in ferbân mei it hjoeddeiske mienskiplik libben en aktuele ûntjouwingen.

It Ynstitút ûntstie op 1 jannewaris 1948 troch it fearfoegjen fan it Dialekteburo fan de KNAW mei it Buro foar Folkskunde en it Buro foar Namekunde. De sekretaris fan de trije buro's, P.J. Meertens, waard de earste direkteur, oant syn pensjonearring yn 1965. Yn 1979 waard it ynstitút werneamd ta P.J. Meertens-Ynstitút.
It hat model stien foar Het Bureau yn de romanrige fan J.J. Voskuil, dy't dêr sels jierrenlang wurke (1957-1987).

Sûnt 1998 is de namme Meertens Ynstitút.[1] By it ynstitút is sûnt 2001 ek it sekretariaat fan it SIEF, it International Society for Ethnology and Folklore, ûnderbrocht.

Feitebanken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Meertens Ynstitút hat in oantal iepenbiere databanken:

Direkteuren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Namme Perioade
Piet Meertens 1948-1965
Dick Blok 1965-1986
Jaap van Marle 1986-1997
Hans Bennis 1998-2016
Antal van den Bosch 2017-2022
Inger Leemans 2022- (waarnimmend)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Neffens it Griene Boekje soe Meertensinstituut'moatte; sjoch Hans Bennis, Het Meertens Instituut: Over de betekenis van de vorm, oktober 2009.